Peanstra, Auck

Peanstra, Auck

Auck hat sa’n 25 jier foar de klasse stien -  faklearkrêft Frysk, groepslearkrêft groep 2 – mar hat har dêrnei mear talein op it skriuwen en it fersoargjen fan programs dêroer. Want foarlêzen wie grutste passy en dêr liet se elkenien graach fan mei genietsje. Grut of lyts, se wie yn alle silen mak. En ferhalen, dy hie se genôch. Troch de jierren hinne hat se ferskate boeken skreaun foar pjutten, âldere bern oant romans.  (In oersjoch fa alle titels is te finen op www.auckpeanstra.nl)

Fansels binne de aventoeren fan Tomke en syn hûntsje Romke it ferneamdst.
Auck hat mei it boek Yn piama de dyk oer de Simke Kloostermanpriis wûn. Datselde boek krige ek de Sulveren Spjelde fan de Fryske Berneboekesjuery, krekt as har boek Alles foar in sint. Har roman Sitebuorren myn eigen paradys krige de Rink van der Velde priis.
Foar de rige De Traveliers hat se de boeken It goud fan de Aboriginals en Kantsjeboard op Kurasau skreaun. Har lêste ferhalebondel foar de boppe/middenbou krige de titel: De boel op stelten.

Persoanlike gegevens

Namme: Aukje Hoogland-Peenstra
Skriuwersnamme: Auck Peanstra
Bertedatum: 2 oktober 1954
Ferstoarn: 29 febrewaris 2016
Boargerlike stân: se wie troud mei Frâns Hoogland, 2 bern en 4 bernsbern. 
Oplieding: Mulo, oplieding foar beukerliedsters, applikaasjefoech basisûnderwiis, LO akte Frysk
Berop: groepslearkrêft basisûnderwiis

Wêrom skriuwst berneboeken?

Ik skriuw al hiel lang, mar myn earste berneboek is yn 1993 ferskynd. Ik skriuw meast foar bern fan 0 oant en mei 13 jier, mar soms ek wol foar âldere bern en grutte minsken.
As ik in ferhaal of in boek skriuw, meitsje ik earst in ramt, ik skriuw yn 't koart op hoe't it ferhaal begjint, wêr't it ferhaal oer gean sil en hoe't it ôfrinne moat. Ek betink ik de persoanen, hoe't se hjitte, hoe âld se binne en hoe't se dogge. As ik dan letter begjin te skriuwen betink ik dêr fan alles by.
Sa'n ramt skriuw ik mei de hân, mar as ik echt sitten gean te skriuwen, krûp ik achter de kompjûter.
Ik kin op ien moarn wol in haadstik skriuwe, as it moat soe ik yn fjirtjin dagen in boek fan fjirtjin haadstikken skriuwe kinne dus, as ik teminsten oars neat hoegde te dwaan. 
Mar ik  doch dêrnjonken ek tal fan oare dingen, lêzings hâlde, gearkomsten of dingen yn 'e húshâlding. Dus it duorret meastentiids langer. Mar as ik ien kear mei in boek oan 'e gong bin, wol ik it ek sa gau mooglik ôfmeitsje.
As it ferhaal klear is, lis ik it earst in skoftke yn in laad, letter krij ik it wer en sjoch ik it nei: oft ik it noch wol moai fyn, oft ik ek flaters yn 'e sinnen makke haw, oft der noch wat by moat of oft der wat skrast wurde moat. Dat nimt in hiele soad tiid.
Ik praat leaver net oer de dingen dêr't ik mei dwaande bin, dan is it noch hielendal fan my allinne. As it klear is mei elkenien it witte.

Wêrom skriuwst yn 't Frysk?
Ik bin yn it Frysk grutbrocht, ik tink yn it Frysk, dus ik kin gewoan opskriuwe wat yn my opkomt. Ik skriuw yn it Frysk, omdat ik dat de aldermoaiste taal fan de wrâld fyn. 

Hoe komst oan de ûnderwerpen?
De ynspiraasje fyn ik yn it libben om my hinne. Soms as ik mei de hûn te kuierjen bin krij ik samar in idee foar in gedicht of in ferhaal. Of as ik op skoalle bin en bern boartsjen sjoch of praten hear. En op jierdeifeestjes kinst soms ek hiele leuke ideeën opdwaan!
Soms sjoch ik ek wolris wat op 'e  tv of lês ik wat yn 'e krante, dêr't ik dan in ferhaal fan meitsje.

Fynst de tekeningen belangryk?
Ja, foaral as ik foar bern út de ûnderbou skriuw wol ik der graach in soad tekeningen by ha. Dat fine de measte bern moai. En bern pakke earder in boek dat der leuk útsjocht as in 'saai' boek.

Wat fynst it moaiste boek datst skreaun hast?
Dat wit ik net. Elk boek is wer oars en bysûnder troch oare dingen. In mem kin dochs ek net sizze hokker bern se it leafste hat? 
Yn piama de dyk oer is wol in bysûnder boek wurden om't ik dêr twa prizen foar krigen ha en ik gean der noch hiel faak mei 'op stap'. Dan fertel ik deroer en lês ik derút foar oan grutte minsken.

Hoefolle berneboeken hast skreaun?

1993: Melle moat in bril ha - Koperative Útjowerij
1955: Fertelle fan Jelle - Afûk
1996: Jan en Jeltsje - Koperative Útjowerij
1997: Yn piama de dyk oer - Koperative Útjowerij
1998: Lit net los Pier - Afûk
1998: Kokkebynkes - Afûk
1999: Smoesjes en fleanende fisken - Koperative Útjowerij
2000: Kattekwea en Bargetriennen (Aksjeboek foar bern fan It Fryske Boek) - Koperative Útjowerij 
2000: Keutels by de kofje - Afûk
2001: By beppe yn 't bedstee - Koperative Útjowerij
2002: Frjemde kluchten - Afûk
2004: Skytmerakels - Koperativer Útjowerij
2005: Alles foar in sint – Afûk
2005 Kikkerts fange mei Tomke - Afûk
2006: Tomke yn de bistetún, mei Riemkje Pitstra - Afûk
2006: Kening Aap en oare fabels - Afûk
2007: Tomke en de krystkrânskes - Afûk
2007: Tomke en it kado - Afûk
2007: Geheim! mei Riemkje Pitstra - Afûk
2008: Grapkemakkers - Afûk
2008: Hop Hop Hynke (sammelbondel mei oaren) - Afûk
2008: Tomke nei it húske - Afûk
2008: Tomke Jierboek - Afûk
2009: Krûpelhintsjes – Afûk
2009 It goud fan de Aboriginals - Afûk
2010: De geheime kat - Afûk
2010: Tomke ferkearsboek (mei Riemkje Pitstra) Aksjeboek foar bern 2010 - Afûk
2011: Tomke foarlêsferhaaltsjes (mei Riemkje Pitstra)
2012: Kantsje board op Kurasau -Afûk 
2013: Stellen tiid -Afûk  
2013: De boel op stelten-Afûk
2014: Dach leave pake Durk - Humanistyske Utfeartbegelieding Fryslân en Afûk

 Ferhalen yn De Holder
1991: Ferhaal yn it Nachtboek - Afûk
1993: Ferhaal yn Frij as in fûgel - Afûk
1995: Ferhaal yn In hânfol geiten - Afûk
         Ferhalen yn Switsj, in tydskrift foar bern
         Ferhalen foar Tomke op de televyzje
         Ferhalen yn Tsjek
2003: Ferhalen yn In pot fol ferhalen - Afûk
2003: Ferhalen yn Tomke Winterboek - Afûk
2004: Ferskes yn Fiif Dogeneaten yn in sok - Friese Pers Boekerij
2004: Ferskes yn Dit bisto en dat bin ik - Afûk
2005: Ferhalen yn Kikkerts fange mei Tomke – Afûk

Hast dêr ek prizen mei wûn?
Foar Yn piama de dyk oer, haw ik twa prizen krigen: de Sulveren Spjelde fan de Berneboekesjuery en de Simke Kloostermanpriis.
Foar Alles foar in sint haw ik de Sulveren Spjelde fan de Berneboekesjuery en de  NHL Berneboekepriis.
Foar Kantsjeboard op Kurasau krige ik de Sulveren Spjelde fan de Berneboekesjuery.

Hast ek (oare) hobby's?
Lêze, puzelje, yn 'e tún wurkje en nifelje. En ik bin gek op bisten, foaral op ús hûn, hinnen en katten.

Hast noch wat leuks te melden?
Fan Fertelle fan Jelle en Keutels by de kofje, is in twadde printinge ferskynd.
En fan By Beppe yn 't bedstee, al in tredde!

Efkes lêze?

(Fragmint út: Alles foar in sint

Dan fielt er wat by de fuotten. 
In hûn.
It bist stekt de snút yn 'e loft en snúft.
'Hast honger?' freget Jelmer.
En ynienen krijt er in geweldich idee.
Hy krijt in board en set it op de flier.
De hûn begjint fuortdaalk te slikjen.
It board wurdt sa skjin as sûker.
De oare hûnen fernimme it en komme der ek by.
'Soa, soene jim my eefkes helpe?' seit Jelmer.
Hy set noch in pear boarden op 'e grûn.
De bisten slikje alles netsjes ôf.
Handich, sa'n ôfwaskmasine, tinkt Jelmer.
As it iene board skjinslikke is, 
set hy der gau in oaren del.
Dit giet folle hurder as ôfwaskjen.
En sa hat hy der gjin wurk fan!
De skjinne boarden set er wer op de tafel.
Hy harket skerp oft er de kok ek oankommen heart.
Mar dat duorret lokkich hiel lang.
En nei in skoftke binne alle boarden skjin.
Dan set er de grutte pannen op de flier.
De bisten frette as wylden.

Krekt as er de lêste panne fan de flier krijt, 
komt de kok werom.
Jelmer triuwt de panne yn it wetter.
Hy faget der mei it doekje oer hinne.
De kok jout ien fan de hûnen in traap. 
'Pak op, jim!' ropt er lilk.
Se naaie gau út.
Dan sjocht de kok nei de steapels boarden.
'Dat hast fluch dien,' seit er.

Links en  Resinsjes?
Foar mear ynformaasje sjoch www.auckpeanstra.nl