Meer, Jurjen van der

Jurjen van der Meer is berne yn Skearnegoutum, mar wennet al sawat syn hiele libben yn Terkaple-Eagmaryp. Hy wurket as ûnderwizer oan de kristlike basisskoalle ‘It Haskerfjild’ op ’e Jouwer, is tekstskriuwer en hy is projektmeiwurker by Cedin. Op P.A. De Him te Snits krige er ûnder oaren les fan Hindrik van der Meer (muzyk), in learaar dy’t by him ynterresse yn de Fryske taal en wekker makke.

Yn dy tiid begûn er sels ek mei it skriuwen fan ferskes. Bekend is de bondel, Freedtemiddei frij : 46 fersen om foar te dragen binne skreaun foar jeugd yn de leeftyd fan sa likernôch acht oant sechttjin.De fersen fan Jurjen van der Meer binne tige geskikt om op muzyk te setten. Sjongers en muzikanten lykas Nanne Kalma, Piter Wilkens, Adri de Boer, Anneke Douma en Bauke van der Woude hawwe lieten op tekst fan Van der Meer op har repertoire stean. Tige bekend is Knoopkes, songen troch Piter Wilkens.
Mei lietkomponist Hans Wempe foarmet er al lange jierren in kreatyf en produktyf duo. Yn de rin fan de tiid steane op hiel wat yn Fryslân útbrochte cd’s ferskes dy’t ûnstien binne troch de gearwurking op it mêd fan tekst en muzyk fan de beide mannen.

Persoanlike gegevens:

Namme: Jurjen van der Meer
Adres: Buorren 66, Terkapke
E-mail: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.
Bertedatum:
Berne yn: Skearnegoutum
Boargerlike stân: troud: 1 frou, 1 soan, 1 dochter
Oplieding: Mavo, Havo en PA
Berop: leraar, CD-producer en projekt meiwurker Frysk by CEDIN
Wurk: basiskoalle, CEDIN en yn 'e studio
Web-side: www.innersound.nl


Wêrom skriuwst berneboeken/bernepoëzij?
Ik skriuw al sûnt 1978 om't ik doe faak gedichten lies en op in dei tocht:
'Dat kin ik ek wol'. Ik ha myn earste gedichten opstjoerd nei de Ljouwerter Krante en dy hat se doe publisearre. Sûnt dy tiid skriuw ik elke wike wol wat.
Foar grut en lyts, poëzij en ferskes.

Wêrom skriuwst yn 't Frysk?
It is myn memmetaal. De taal wêryn't ik tink en dream. De taal fan myn gefoel.

Hoe komst oan de ûnderwerpen?
Ik skriuw oer fan alles. De lêste jierren skriuw ik in protte yn opdracht. Teksten foar skoalradio en skoaltelevyzje. Gedichten en ferskes foar wa 't se mar brûke moat. Soms komplete musikals. Ik wurd hast elke wike wol belle of maild troch minsken dy't ferlegen sitte om in tekst.

Fynst de tekeningen belangryk?
Ja,  foaral de tekeningen fan Wim Swart, Fionna Bottema, Marijke Klompmaker en Lipkje Ferwerda fyn ik moai.

Wat fynst it moaiste boek /liet datst skreaun hast?
Freedtemiddei frij is myn moaiste boek en foar Adri de Boer en foar Hans Wempe ha ik in pear hiel moaie lietteksten skreaun. (Al sis ik it sels)

Hoefolle berneboeken/lieten/foardrachtferskes hast skreaun?
Allinne Freedtemiddei Frij is in offisjeel boek. Fierder ha ik hûnderten lieten en foardrachten skreaun.

Hast dêr ek prizen mei wûn?
Adri de Boer hat 'Liet' alris wûn mei in ferske dêr't ik in part fan skreaun hie. (Soms skriuw je ferskes mei syn twaën of trijen.) En myn ferske 'Pake' hat ferline jier it sjongferstival foar bern wûn. Jierren lyn wûn ik ek sa no en dan de 'Lyrische Courant' fan de Ljouwerter Krante.

Hast ek (oare) hobby's?
Aaisykje, fiskje en lietsjesskriuwe. Mar ik meitsje ek einekuorren en ik kin ek mollefange.
Hast noch wat leuks te melden?
Leau yn dysels. Doch watst leuk fynst en genietsje fan al it moaie om dy hinne. En leau my mar; Fryslân sit grôtfol moais.

Efkes wat lêze?

Keardel

Do boarterst mei blokken op 't kleed oer de grûn.
Do hast krekt de noas fan dyn bearke wer fûn.
Do tekenst in hynder, hy rint al wat bryk.
Al bist noch mar trije, foar my bist in keardel gelyk.

Do klimst op 'e tafel, dat mei net fan my.
En poes krijt geregeld in knuffel fan dy.
Do bist yn 'e tún en meist net op 'e dyk.
Al bist noch mar trije, foar my bist in keardel gelyk.

Oh, sasto koest yn dyn bêd.
Sasto draafst op it paad.
Do bist alles foar my.

Oh, sa 't ik soms mei dy sjong.
Sa 't ik soms mei dy praat.
'k Sil der wêze foar dy.

Do sitst yn dyn Buggy, ik triuw dy foarút.
En dwerstroch dyn snotbongel jou 'k dy in tút.
'k Moat faak om dy laitsje myn lytse komyk.
Al bist noch mar trije, foar my bist in keardel gelyk.

Oh, sasto koest yn dyn bêd.
Sasto draafst op it paad.
Do bist alles foar my.

Oh, sa 't ik soms mei dy sjong.
Sa 't ik soms mei dy praat.
'k Sil der wêze foar dy.

En as 'k it wol goed doch, dat wit ik faak net.
Wy ha beide sa fan inoarren ferlet.
En al bin der gjin sinten, mei dy bin ik ryk.
'k Wol dy noait wer misse, myn jonkje fan trije, foar my bist in keardel gelyk.

Links?
Sjoch mar ris op Google.