Jong, Anny de

Jong, Anny de

Anny de Jong waard yn 1946 berne yn Tsjerkwert. Se learde oan de kristlike kweekskoalle te Snits ta ûnderwizeres. Neidat se slagge wie, wurke se fiif jier as ûnderwizeres yn Gaasterlân. Dêrnei krige se in beneaming oan de kristlike basisskoalle yn Bûtenpost, dy skoalle is se trou bleaun oant se mei de FPU gong. Anny wennet mei har hûn en in tal Siameeske katten yn Kollum.

 

Anny de Jong hat in hiele soad boeken op har namme stean. Se mei ek graach gearwurkje mei oaren. Op dy wize is de Mentha Minnemarige ta stân kaam. Se wurke mei Riemkje Hoogland-Pitstra en Jan Schotanus oan hieltyd wer nije aventoeren. Mei Jan Schotanus en Auck Peanstra begûn se yn 2009 oan de Traveliersrige. Der binne oant no ta twa boeken yn dy rige fan har útkommen: Yslik Aktyf’en In flitsend hûntsje. Lyk as de Mentha Minnemaboeken binne dat spannende detektive-eftige ferhalen.
(As harkboek binne beide rigen te krijen fia www.audiofrysk.nl).

Persoanlike gegevens:

Namme: Anny de Jong.
Bertedatum: 2 augustus 1946
Boargerlike stân: allinnich
Oplieding: kweekskoalle ( no PABO)

Wêrom skriuwst berneboeken?
Ik fyn it sok aardich wurk en om’t ik yn it ûnderwiis sit, kin ik, wat ik skriuw, foarlêze en ûntdekke wat de bern der fan fine. Neffens my skriuw ik net op in bernlike manier. Ik brûk ek altiten gewoane-grutte-minske wurden. Allinnne de haadpersoanen binne altiten bern en dêrom wurdt it in berneboek. Ik wol graach dat it boek spannend is, dat der humor yn sit en de bern meie der bêst in bytsje om grizelje. Ik skriuw ek foar grutte minsken. Dat binne dan meast wat nuvere ferhalen mei in iepen ein. Dat betsjut dat de lêzers der oer neitinke moatte hoe’t it no echt ôfrint.
As ik begjin te skriuwen, wit ik hielendal net hoe’t it ferhaal fierder giet. Ik skriuw in haadstik en dan tink ik: Blikje, hoe moat ik no fierder. Ik sliep der in nacht oer en betink in nij stikje.
Ik skriuw altyd mei potlead. Fuort op de kompjûter slagget net. Dan kin ik myn gedachten net byhâlde. Mei potlead slagget dat wol. Ik moat it dan wol sa gau mooglik op de kompjûter sette, want oars kin ik myn eigen skrift net mear lêze.
As ik in boek ôf ha, sis ik tsjin mysels: Sa, no in skoft eefkes net. Dat duorret by my net sa lang. As in manuskript de doar út is, betink ik wat nijs en pak ik myn potlead.
As it manuskript nei de útjouwer giet, is it wurk trouwens noch lang net klear. In lêskommisje wol der noch dingen yn feroarje en dan krigest de printkladden thús. Dat is de tekst sa't dy yn it boek komt. Dêr sitte wer nije flaters yn en dy moatst der úthelje.
Foar’t jimme skriuwer wurde wolle, earst goed neitinke, dus. Ik wol skriuwer bliuwe.

Wêrom skriuwst yn it Frysk?
Om’t ik tink, praat, skriuw en dream yn it Frysk. Ik skriuw trouwens net allinne yn it Frysk, mar ek wol yn it Hollânsk. Soms is it Fryske boek der earst en set ik it letter oer yn it Hollânsk, lyk as de Mentha Minnema-rige. It is ek wolris oarsom. Sa is Een Ster van een hond, earst yn it Hollânsk ferskynd en yn 2005 sil it yn it Frysk útkomme. Der binne ek boeken dy’t allinnne yn it Frysk of yn it Hollânsk it ljocht sjogge.

Hoe komst oan de ûnderwerpen?
Meast betink ik de ûnderwerpen sels. Soms fyn ik in stikje yn de krante en tink, ja, dêr wol ik oer skriuwe. Hast yn alle boeken komme bisten foar. Dat binne dan meast hûnen of katten. Jimme sille aanst wol merke wêrom. Yn Spikergek giet it oer slangen. No bin ik net gek op slangen en dêrom is dat boek ek sa grizelich.

Fynst de tekeningen belangryk?
Foar de lytse lêzers wol, mar foar wat âldere bern hielendal net. Soms tekenet de yllustrator in sitewaasje dy’t ik mysels hiel oars foarsteld hie. Of sjogge de haadrolspilers der hiel oars út as ik betocht hie. Ik fyn dat de lêzers sels betinke meie hoe’t it no krekt is. It omkaft fyn ik tige wichtich. Dat moat der sa útsjen dat bern der sin oan krije om it boek te lêzen.

Wat fynst it moaiste boek datst skreaun hast?
No dat is in drege fraach. Ik kin net kieze tusken  Spikergek en Yslik aktyf.

Hoefolle berneboeken hast skreaun?

  • 1984: Fytmannefiten - Koperative útjowerij
  • 1987: Eagenblikje -Afûk
  • 1987: Heechterp en it geheim fan de stien (mei oaren) - Friese Pers Boekerij
  • 1990: It is foar de hearen - Afûk
  • 1990: Mentha Minnema en it hûnemystearje - Afûk
  • 1992: Mentha Minnema en it hynstemystearje - Afûk
  • 1998: Mentha Minnema en it kattemystearje - Afûk
  • 1996: Swervel - Afûk
  • 1997: Gefaarlik spul foar Mentha Minnema (mei R. Hoogland en J. Schotanus) - Afûk
  • 1997: De hûn mei de dûbele namme - Afûk
  • ------ : Mentha Minnema-harkspullen - Skoalleradio Omrop Fryslân
  • 1999: @pesturt (aksjeboek foar bern fan It Fryske Boek) - Afûk
  • 1997: Mentha Minnema en het hondenmysterie (oersetting) - Kok
  • 1997: De hond met de dubbele naam (oersetting) - Kok 1997
  • 1999: Hoofden op hol - Maretak
  • 2001: Een paard met slappe benen - Bekadidact
  • 2002: Spikergek - Bornmeer
  • 2003: De tsien fan Nynke fan Hichtum - Bornmeer
  • 2004: Een Ster van een hond - Maretak
  • 2005: Help in hûn (oersetting fan Een Ster van een hond) - Afûk
  • 2007 : Mentha Minnema en it hûnemystearje: audioboek, foarlêzen troch de skriuwer - Audiofrysk
  • 2007 : Mentha Minnema en it kattemystearje: audioboek, foarlêzen troch de skriuwer - Audiofrysk
  • 2008 : Gefaarlik spul foar Menthe Minnema: audioboek, foarlêzen troch Jan Schotanus (mei R. Hoogland-Pitstra en J. Schotanus) - Audiofrysk
  • 2008 : Mentha Minnema en it hynstemystearje: audioboek, foarlêzen troch de skriuwer - Audiofrysk
  • 2008 : Spikergek: audioboek, foarlêzen troch de skriuwer - Audiofrysk
  • 2009 : De Traveliers: Yslik aktyf - Afûk
  • 2010 : De Traveliers: In flitsend hûntsje - Afûk
  • 2012 : De Traveliers: Spoaren - Afûk

Fierder ha ik meiwurke oan:

  • 1984: Hofkesjonge (mei oaren, blomlêzing fuortset ûnderwiis) - Afûk
  • 1991: Broei (mei oaren, ferhalen foar jongeren) - Afûk
  • 1991: It Nachtboek (mei oaren, ferhalen) - Afûk
  • 1995: De fersierde krystbeam (mei oaren, sammelbondel) - Afûk
  • 1995: In hânfol geiten en oare ferhalen - Afûk
  • ------ : Bernegedichten yn FeRstival -Â In jierlikse rige
  • 1999: Neibroei (mei oaren, ferhalen foar jongeren) - Afûk
  • 2004: Fiif dogeneaten yn in sok (mei oaren, fersen foar Diet Huber en alle oare Fryske bern) - Friese Pers Boekerij

Hast dêr ek prizen mei wûn?
Ja wis. Ik ha al trije berneboekesjueryprizen wûn. Dat binne prachtige sulveren spjelden. As ik moai wêze moat foar in feestje of sa, draach ik altiten ien fan de spjelden.
De earste krige ik foar De hûn mei de dûbele namme yn 1999
Nûmer twa wie foar @pesturt yn 2001
De lêste ha ik wûn mei Spikergek yn 2004

Hast ek (oare) hobby’s?
Jimme hawwe grif wol yn ’e gaten wat myn hobby is. Just, krekt: bisten. Ik ha twa kear in Berner Sennenhûn hân. Nei in Appenzeller Sennenhûn ha ik no in Entlebucher Sennenhûn. Der rinne ek noch in stik of wat Siamezen yn ’e hûs om. As ik tiid oer ha mei ik graach fytse en rinne. En dan lange einen fansels. De Alvemarretocht en de Alvestêdetocht ha ik al in hiele protte kearen op de fyts dien. Foarich jier ha ik ‘De Slachte’ rûn. Dat wie in bêst ein hear.

Hast ek noch wat leuks te melden?
Ik kin better sizze, wat aparts. Dan giet it oer it boek Spikergek.
De sjuery fan de Gysbert Japikspriis (dat is de heechste priis dy’st yn Fryslân mei skriuwen fertsjinje kinst,) neamt yn 2003 Spikergek: 'Yn alle sjenres binne wy boppeslaggen tsjinkommen. Wy wolle hjir dêrom ús wurdearring útsprekke oer twa boeken dy’t der útspringe en dan wurdt as ien fan de twa it alderheislikst spannende jongereinboek Spikergek neamd'.
Om de fjouwer jier wurdt de Simke Kloostermanpriis útrikt foar it bêste berneboek. De sjuery skreau oer Spikergek: 'Hoewol’t Spikergek in spannend boek is, is it plot net sterk en guon eleminten út it boek binne wol hiel ûnwierskynlik'.
Yn it blêd De Pompeblêden skriuwt Folkert de Jong: 'It hiele ferhaal is o sa ûnwierskynlik. In pear plattelânsbern dy’t in wrâldbedriigjend kompjûterfirus witte te eliminearjen. Triviaal'.
Yn it Friesch Dagblad skriuwt Jant van der Weg: 'Eigentiids, lakonyk. Yn it lêst wat koart troch de bocht. Wurdt dêrtroch wat hilarysk. It perspektyf is goed folhâlden, heldere strukteur en by twadde lêzing hâldt it jin yn syn gryp. Opfallend is de realistyske tekening fan de ferhâlding mei de mem. Der binne wolris wat problemen, mar oer it generaal hat Mette de bêste mem dy’t se har tinke kin'.
Op de F- side seit Wieke de Haan: 'Opfallend berneboek. Ferfrissende rol fan de mem: Praat my mar efkes by. (Dêr hat men as bern wat oan)'.
Studinten Frysk fan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert (NHL) hiene in alternative Simke Kloostermansjuery gearstald. Dat wie in stúdzje-opdracht. Se sizze oer it boek: 'Dialogen, beskriuwings en mails yn in natuerlike ôfwiksel. Ek foar in tagonklike identifikaasje, roltrochbrekkend, knappe spanningsopbou. Jo wolle hieltyd fierder lêze. Jo komme yn ’e ban fan it firus. De ein fan it boek ûnderstreket de humoristyske ûndertoan fan it boek nochris. Om koart te kriemen: in tige modern, spannend jongereinboek'.
Op in feestlike byienkomst ha ik it wiidweidige rapport krigen, blommen en in kadootsje. Ik wie der tige wiis mei.
It lêste wurd wie oan de bern en ik bin ôfgyslik bliid dat hja keazen foar Spikergek yn de Berneboekesjuery. Want dêr skreau ik op it lêst foar. In minne krityk stekt, in goede krityk wurdst ien dei eigenwiis fan, mar as de bern dyn boek útsykje, witst datst it net om ’e nocht skreaun hast.

Efkes lêze?
Hjir folget in stikje út it boek Help ... in hûn.

1 IN GIFGRIEN MOBYLTSJE
Kasper stiet de grutte ferhûswein nei te sjen. Hy stekt de hân omheech nei syn freon dy’t út de kabine hinget. Dan ferdwynt de auto om ’e hoeke.
‘Ik baal as in stekker.’ Kasper slacht de fûsten tsjinelkoar om sjen te litten dat er it echt mient.
‘Ja, ik kin my ek wol wat aardigers foarstelle,’ knikt syn mem, ‘mar do hoechst no ek wer net sa dramatysk te dwaan. Se binne de wrâld net út en do hast op ’t lêst dyn mobyltsje noch. Wedzje dat Wieger dy aanst fuort bellet?’
Kasper hellet syn gifgrien mobyltsje út ’e bûse en besjocht it oan alle kanten. Hy wachtet mei spanning oft it begjint te ratteljen.
‘Soest sels ek belje kinne, fansels.’
Kasper skoddet fan nee. ‘No, eins net. Wy hawwe wedde dat wy allinne belje soene as wy wat spannends belibje. De earste dy’t wat spannends trochbellet, hat wûn. Wy hawwe wedde om in telefoankaart. Mar as it net spannend genôch is, hat de oare wûn.’
Syn mem rint skodholjend it hûs yn. ‘Sa te hearren sitst noch rom yn dyn bûssinten.’
Kasper sjocht har lilk achternei. Wat hawwe sommige minsken dochs in bytsje ferstân. Syn bûsjild is allang op. Dus hy kin net belje en boppedat, wat soe hy no noch oan spannends belibje no’t Wieger fuort is. Hy sjocht nei it grutte boerd yn de tún fan it lege hûs.

TE KOOP

En dan komt der in nije bewenner en wol in hiel spesjalen ien mei in hiel spesjale hûn.

Links?
Besykje it ris op www.tresoar.nl en sykje oars op www.google.nl by: schrijvers of Fryske skriuwers. Ik stean der alltiten wer fersteld fan, wat oer jin skreaun wurdt.