Hut, Arjan

Arajn Hut is op 19 jannewaris 1976 berne yn Drachten, hy groeide op yn Surhústerfean en wennet no yn Ljouwert. Nei it atheneum studearre er Frysk en Ingelsk oan de Noordelijke Hogeschool yn Ljouwert.

Arjan Hut wie mei-oprjochter en redaksjelid fan Doar (2003-2008), in ynternetpoadium foar jonge Fryske talinten. Yn febrewaris 2006 is it Doar Boek presintearre, dat in seleksje befettet fan earder yn it tydskrift publisearre wurk. Arjan Hut en Elizabeth Hietkamp wiene de besoargers fan it boek. Foar de omrop hat er in tydlang in radiokollum skreaun en foarlêzen. Yn 2005 en 2006 wie Hut stedsdichter fan Ljouwert

Arjan Hut betinkt en skriuwt ferhalen en gedichten. Hy wennet yn Ljouwert en is heit fan in dochter en in soan. Arjan mei graach mei wurden boartsje.
Hy hâldt fan wurden dy’t meardere dingen betsjutte kinne. Wurden lykas ‘sân’, ‘streek’ of ‘oere’. Hy hâldt ek fan wurden dy’t hast nimmen brûkt, lyk as ‘pjisk’, ‘snibber’ of ‘sydsulver’.
Hy lêst boppedat graach foar, tenminsten, as minsken dêr om freegje.
Mei syn sydsulver Elizabeth hat er in boek mei foarlêsferhalen makke,
Toe No!
ferhalen foar bern dy’t der om freegje
en ek in boek mei ferhalen en gedichten dy’t grutte en lytse bern self doarden te skriuwen:
Doar Boek
.

doe't Arjan stedsdichter fan Ljouwert wie koene minsken út Ljouwert him  freegje om in gedicht te betinken, te skriuwen en foar te dragen. Al dy gedichten kamen yn it boek
Stêdsgedichten / Klokslach fan Ljouwert.

De klokslach is it lûd dêr’t in klok de oeren mei slacht, mar it kin folle mear betsjutte. Ljouwert hjit ek wol Liwwadden of Leeuwarden, mar it is ien en deselde stêd.

Op syn reade, plastic typemachine wurket Arjan oan nije ferhalen en gedichten.
As skoallen der om freegje, stoppet er de machine yn in reade koffer en komt del om bern sjen te litten hoe’t se mei taal boartsje kinne.