Hoogland-Pitstra Riemkje

Riemkje Hoogland-Pitstra hat mear as 40 jier yn it ûnderwiis wurke. Mar se is noch lang net klear mei skriuwen! Se rjochtet har in soad op aktiviteiten foar jongere bern. Ek is se de auteur fan boartlik Frysk lesmateriaal foar pjutten en beukers lyk as de Sânglêsrige en Studio F. Yn gearwurking mei Auck Peanstra lit se Tomke, Romke, Kornelia en Yana Yu allegear aventoeren belibje yn ferhalen, boekjes op rym, Tomke-útstjoerings op Omrop Fryslân en yn de ‘Weekkrant Fryslân’.

Tomke en Romke sykje in pake mei Rients Gratama as pake is ien fan de trije foarstellings dy ’t se skreaun hat. Se is ek bekend fan de Mentha Minnemaboeken foar de boppebou fan de basisskoallen. En net te ferjitten fan de Marten de Mûs- en de Bisteboat-ferhalen. Ferline jier is yn de Lawei en yn de Harmonie har Sinteklaasfoarstelling It geheim fan de boat fan Sinteklaas opfierd. It leafst bringt se har ferhalen ta libben troch se sels te fertellen en te ferbyldzjen.

Persoanlike gegevens

Namme: Riemkje Hoogland-Pitstra
Bertedatum: 6 juny 1944
Oplieding: Pedagogyske akademy. M.Û.-akte Pedagogyk A en B. L.Û.-akte Frysk
Wurkûnderfining: yn it ûnderwiis
Berop: skriuwster en ferhalefertelster
Wenplak: Hylpen
Boargerlike stân: Hja hat 3 bern en is beppe

Berneboeken:

1987 : In liuw yn ’e trein
1987 : De binde fan wite Harm
1989 : Wiger en Maaike : ferhaaltsjes mei flanelplaten foar pjutteboartersplakken
1990 : Dêr is Marten…
1991 : Mentha Minnema en it keldermystearje
1992 : Poef de boef
1994 : Poef wol in jas
1995 : De fersierde krystbeam (meiwurke oan)
1995 : Grutte Giele & Lytse Loer (Hollânske oersetting yn 1995: Gele Gijs en Lange Loeres)
1995 : Mentha Minnema en it keldermysterie (oersetting)
1996 : De bisteboat
1997 : Gefaarlik spul foar Mentha Minnema (mei Anny de Jong en Jan Schotanus)
1997 : Mentha Minnema en it wettermystearje
1997 : Mentha Minnema en het fuikenmysterie (oersetting: Mentha Minnema en it       wettermystearje)
1998 : Jord wint in priis (oersetting fan: Jord wint een prijs - 1997)
1999 : Ikke
2000 : Tomke, Romke en de Boekebear op ûntdekkingsreis
2001 : Tomke Romke en harren nije freondinne Kornelia de kangoeroe
2001 : Poef en de wyn
2002 : Tomke, Romke en Kornelia achter it muzyk oan!
2003 : Tomke, Romke en Kornelia skilderje mei kleur
2003 : Tomke : winterboek
2003 : Tomke : in pot fol ferhalen
2004 : Tomke, Romke en Kornelia nei de dokter
2005 : Kikkerts fange mei Tomke
2006 : Kom yn myn hûske (Tomke-boekje 2006)
2006 : Tomke yn ’e bistetún (Lês- en lústerboek)
2007 : Gefaarlik spul foar Mentha Minnema: audioboek, foarlêzen troch Jan Schotanus (mei Anny de Jong en Jan Schotanus)
2008 : Mentha Minnema en it keldermysterie: audioboek, foarlêzen troch de skriuwer
2008 : Mentha Minnema en it wettermystearje: audioboek, foarlêzen troch de skriuwer
2009: Dêr is Marten wer
2010: Tomke, boartsje yn't bad
2011: Tomke ferkearsboek (mei Auck Peanstra) Aksjeboek foar bern 2011
2011: Tomke foarlêsferhaaltsjes (mei Auck Peanstra)
2012: Dikke tút foar Romke