Geest, Berber van der

Berber van der Geest waard op 19 febrewaris 1938 berne yn Ljouwert yn in Frysktalich fermidden. Op 'e Roomske skoallen dêr't hja op gien hat, waard it Frysk net foar fol oan sjoen. Troch ynfloed fan har pake, de skilder Jaring Walta, begûn Berber dochs yn it Frysk te skriuwen. Nei de ULO woe sy graach nei de keunstakademy, mar it waard foarearst  in baan op kantoar.

Letter folge sy in oplieding ta beukerliedster en waard haad fan de Ljouwerter beukerskoalle Marije Hof. Nei de ynfiering fan de basisskoalle, waard sy beneamd ta lerares oan de katolike Thomasskoalle. Njonken har wurk studearre sy  troch en helle akten foar tekenjen en Frysk.

Persoanlike gegevens

Namme: Berber van der Geest
E-mail: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.
Bertedatum: 19 febrewaris 1938
Boargerlike stân: net troud en dochs mear as tûzen bern hân!
Oplieding: ULO, Kleuterkweekskoalle, akten Frysk en tekenjen
Berop: Haad fan in beukerskoalle; no mei pensjoen
Wurk: Skriuw no en dan. Noch ien kear wyks set ik nei groep 2 fan in basisskoalle. Ik doch dan spultsjs mei de bern, spylje poppekast. Ik wol graach kontakt mei de bern hâlde.

Wêrom skriuwst berneboeken?
Soms skriuw ik foar folwoeksenen, meastentiids foar bern. De iene kear doch ik in moanne oer it skriuwen fan in berneboek, in oare kear trije moannen. Soks hinget ôf fan de ynspiraasje dy't ik ha. Ik meitsje ear't ik begjin altiten in plattegrûn en in oersicht fan wêr't it ferhaal him ôfspilet en hoksoarte fan minsken en bern der allegearre yn it boek foarkomme.

Wêrom skriuwst yn't Frysk?
Frysk is de taal dêr't ik yn tink en fiel. Ik kin my dêr it bêste yn uterje. Op skoalle krigen wy destiids gjin Frysk. Om it goed skriuwe te kinnen ha 'k kursussen folge. Twa fan myn boeken ha 'k yn it Nederlânsk oersetten: Bartele Bûse en De Kilekanen.

Hoe komst oan de ûnderwerpen?
Ik draach altiten in lyts notysjeboekje by my. en as ik wat hear of sjoch, dan notearje ik dat. Op skoalle fertelle de bern my ek in protte prachtige dingen; dat brûk ik soms ek.

Fynst de tekeningen belangryk?
Foar jonge bern binne yllustraasjes tige wichtich foar in boek. Myn earste boek, It âld kammenet, ha ik sels fersoarge. Yn de oare berneboeken die Laura Lava dat foar my. Mei har beprate ik altiten hiel goed, hoe 'k dy yllustraasjes graach ha woe.
Yllustraasjes kinne de tekst oanfolje. Yllustraasjes moatte berne-eagen 'pakke'.

Wat fynst it moaiste boek datst skreaun hast?
It moaiste boek fyn 'k myn lêst skreaune boek. En it aldermoaiste boek? It boek dat noch komme moat.

Hoefolle berneboeken hast skreaun?

  • 1983: It âld kammenet, yllustraasjes: Berber van der Geest (útjûn troch: Friese Pers Boekerij)
  • 1985: De hânskrobbers, yllustraasjes: âld-learlingen fan Marije's beukerhôf fan 8-12 jier,  (útjûn troch: Friese Pers Boekerij)
  • 1987: Heechterp en it geheim fan de stien; In aventoereboek foar Radio Fryslân, yn 'e
     mande mei oare skriuwers (útjûn troch: Friese Pers Boekerij)
  • 1988: Bartele Bûse,  yllustraasjes: Laura Tietjens (útjûn troch: Friese Pers Boekerij)
  • 1991: Bartele Broekzak, in Nederlânske oersetting fan Bartele Bûse troch de skriuwster
  • 1994: De Kilekanen, yllustraasjes: Laura Tietjens (Aksjeboek foar bern 1994, útjûn troch: Friese Pers Boekerij) 
  • 1998: De Kilekanen  In Nederlânske oersetting troch de skriuwster
  • 2003: 100 dingen en 1 papegaai, mei Akky van der Veer
  • 2009: Mem, wat ite wy hjoed? Aksjeboek foar bern 2009

Hast dêr ek prizen mei wûn?

Mei Bartele Bûse:
   1989: Simke Kloostermanpriis
   1989: Ynternasjonale priis: Premio Europea fan Padua
   1992: Op de Ibby-honourlist (International Board on Books for young people)
   1993: De priis foar de Berneboekesjuery

Mei De Kilekanen:

   1995: Simke Kloostermanpriis
   1996: In plak op de Ibby-honourlist

Mei Mem, wat ite wy hjoed?
   2012: In plak op de Ibby-honourlist

Hast ek (oare) hobby's?
Ik rin in protte kilometers troch it Fryske lân en mei graach túnkje.

Hast noch wat leuks te melden?
Ja, wat is leuk?
Dat ik in protte teksten foar sjongers en muzykminsken skreaun ha?
Leuk fyn ik moaie útspraken fan bern. Sa as dy fan dat famke fan fiif dat sei: Us beppe is hiel âld. Witst hoe't ik dat sjoch? Se is net sa soppich mear. Beppe is sa knûkelich.

Efkes wat lêze?
De Kilekanen side 4 en 5

Nei de rotsfotsen

'Heistergat datst biste,' seit de mem fan Kinke wiehoefaak.
'Dat klimt mar yn beammen. Dat krûpt mar troch sleatten. Bout hutten en in farkjend flot... En no wolst ek noch op fuotbaljen?
Mar dêr komt neat fan yn!
Op ballet, ja dát meiste. Of op muzykles. Of op keatsen by need. Mar op fuotbaljen?
Nee, nee! Wy wolle al wat in netsjes famke fan dy meitsje.
Hoewol, netsjes...
Al dyn klean gean nei de rotsfotsen.
Komst thús mei de knopen fan de jas. Mei de knibbels troch de broek. Mei kwakken stront oan 'e skuon. Mei pikswarte neilen.

Mar in gelok dat wy wat bûtenút wenje. En net midden yn it doarp.
Hjir op it hiem kinst teminsten dyn overal oanstrûpe. en de klompen of de learzens.'

In soele simmerjûn

Alle tekkens binne ôfskopt. it nachtjak leit foar âld-fuil op 'e grûn. De finsters steane wiidwaach iepen.
En noch hat Kinke it hyt. Smoarhyt!
Niiskrekt hat se de swabber út 'e wurkkast helle. Hat se him rjochtoerein op bêd delset. Doe it lekken deroerhinne spand en... No stiet der in tinte.

Yn in tinte kinst fantasearje, tinkt Kinke.
Dat dizze tinte in yglo is. Lekker koel! En dan bin ik in Eskimo.
In Eskimo mei bearefel oan.
O nee, dát net. Mar gjin bearefel oan. Oars swit ik my noch it apelazerus!
Dizze tinte kin ek in Yndiane-tinte wêze. en dan bin ik it opperhaad. Ugge-ugge! En dan smook ik in piip. De fredespiip.
O nee, dát kin net. Mar net smoke. Oars stik ik hjir aansens noch!

Koe ik no mar út 'e tinte krûpe. mar oeral fleane fan dy aaklike neven. Fan dy gûnzjende, stekkende raasbekken.
Hat heit in gaasramt foar de finsters makke en nóch komme dy sma'dingen yn it keammerke.
Ferline wike noch..
Ha se my wol sá te pakken hân. Sieten der wol tsien bulten by it rjochtereach. Siet myn each gewoanwei ticht.
'Ha dy Kinke ien-eachje,' rôp master doe. En de bern yn 'e klasse mar laitsje.

Links?
   14 oktober 1988:  Fraachpetear yn de Ljouwerter Krante
   20 maaie 1989: Fraachpetear yn de Ljouwerter Krante
   july 1993:  Fraachpetear yn 'De Himrik', blêd foar bibleteken yn Fryslân
   oktober 1995:  Fraachpetear yn de Friesland Post