Dam, Eppie

Eppie Dam is op 5 maart 1953 berne yn De Pomp (Kollumerpomp), yn in agrarysk fermidden. Hy folge de oplieding ta ûnderwizer en wurke as sadanich earst op Urk en letter yn Balk. Eppie Dam is in produktyf en alsidich skriuwer; hy skriuwt gedichten, ferhalen, berneboeken, kollums en literêre kritiken. Fierders hat er inkelde jierren redakteur west fan it literêr tydskrift Trotwaer.

Yn tsjerklike rûnten hat er namme makke as skriuwer fan eigentiidske teksten fan lieten en liturgyen dy't passe yn de ferskillende perioaden fan it tsjerklik jier. Hy docht dat tegearre mei Hindrik van der Meer dy't de melodyen fan de lieten komponearret.
Eppie Dam publisearret yn it Frysk, it Nederlânsk en yn it dialekt fan syn bertedoarp, it Pompsters.

 

Persoanlike gegevens:

Namme: Eppie Dam
Adres: Kollum
Bertedatum: 5 maart 1953
Boargerlike stân: man, heit, pake
Oplieding: PA
Berop: skoalmaster en auteur

Wêrom skriuwst berneboeken?
Ik fyn it moai wurk. Ik skriuw al salang't ik skriuwe kin. As bern skreau ik ferhaaltsjes en gedichtsjes, dêr't ik dan sels lytse boekjes fan makke. Ein jierren '70 ha ik myn earste berneboeken útjûn: de seis-dielige, Nederlânstalige rige Enno en Opa. Fan 1985 ôf publisearje ik berneboeken yn it Frysk. Ik skriuw foar alle leeftiden, sis mar foarn bern fan 5-14 jier. In goed berneboek is trouwens ek nijsgjirrich foar grutten. 
 
Wêrom skriuwst yn 't Frysk?
Nederlânse berneboekeskriuwers binne der al by 't soad, Fryske hiel wat minder. Ik mei graach yn it Frysk skriuwe, en ik fyn it belangryk dat der Fryske berneboeken binne.

Hoe komst oan de ûnderwerpen?
Myn ûnderwerpen helje ik út it deistich libben: alles wat ik om my hinne sjoch en hear. Wat ik brûk is faak net mear as in lyts gegeven, soms allinnich mar in útspraak. In ferhaal wurdt altyd oars as dat it yn werklikheid west hat: ik lit dingen wei, betink der wer oare dingen by. Meastal ha ik mear ideeën as dat ik boeken skriuwe kin.

Fynst de tekeningen belangryk?
Ja, al hâld ik net fan al te moaie plaatsjes. Ik fyn swart-wyt yllustraasjes meastal moaier as kleure-yllustraasjes. It moaiste is dat yllustraasjes en tekst inoar oanfulle. Yn Dingeman krijt wjukken is dat goed slagge. Yn dat boek fertelle de tekeningen har eigen ferhaal. It is ek myn iennichste boek wêryn't de ideeën foar tekst en yllustraasje tagelyk ûntstien binne. By alle oare boeken waarden de printsjes neidetiid makke.

Wat fynst it moaiste boek datst skreaun hast?
Jelma en Dingeman krijt wjukken.

Hoefolle berneboeken hast skreaun?

1985: Spinaazje mei spikers (Koperative Utjowerij, 5-11 jier)
1989: Babbelegûchjes (Koperative Utjouwerij, alle leeftiden) 
1990: Mei bleate fuotten op bêd (Koperative Utjowerij, 5-11 jier)
1991: Jelma (Koperative Utjowerij, 5-8 jier)
1992: Achlum Nobusco en de meunsternimmers (Aksjeboek Stichting It Fryske Boek, 8-12 jier)
1993: Wouter en de 24-trui (Afûk, 10-14 jier)
1995: Tachtich yn 'e bocht (Afûk, 7-12 jier)
1999: Dingeman krijt wjukken (Afûk, 10-14 jier)
2001: Pier en de bakkesbal (Afûk, 6 jier)
2005: Mezen meitsje toch gjin rúzje? Bisteferhalen fan Anton Koolhaas (Bornmeer, 12 jier en âlder)
2007: Lytse Man (Afûk, 8-12 jier)
2009: De elandkop fan omke Romke (Afûk, 9-12 jier)
2012: Fjouwer dappere mûskes (Afûk, 2 - 7 jier)

Hast dêr ek prizen mei wûn?

1995: Berneboekesjuery: Wouter en de 24-trui
1996: Berneboekesjuery: Tachtich yn 'e bocht
2001: Simke Kloostermanpriis: Dingeman krijt wjukken

Hast ek (oare) hobby's?
Lêze, fytse en op in fuotbalfjild omstrune.

Hast noch wat leuks te melden?
Lês myn boeken, altyd 'leuk'.

Eefkes lêze?

De jûns seagen Joazef en ik noch even by de Wjukkestoel. 
'Hearst de wyn wol yn 'e popelieren?'
Ik knikte. It waaide net iens hurd, mar de hege beammen rûzen. Songen en spilen. Mei holle fluiten, gûnzjende trommen en soms in tinkeljend triangeltsje.
'Ik hear de see,' sei ik, 'de see en it hielal.'
'Ja,' sei Joazef, 'alles komt hjir hiel fierwei.'
De wjukken fan de stoel wienen ynklapt. Joazef hie se fêstbûn mei twa learen rymkes.
'Sille we sjen of de wjukken it noch dogge?' frege ik.
Joazef makke de rymkes los. Ik liet de toukes fiere. Dêr gienen de wjukken, se foelen breedút nei beide kanten.
'Ik wol noch ien kear op 'e stoel,' sei ik. 'Witst wat ik sa moai fyn, Joazef? Dat ik hjir sit, mar tagelyk bin ik ergens oars.'
Joazef knikte.
'Dat komt fan de wjukken. It binne krekt gedachten. Of dreamen. Dreamen en gedachten bringe minsken oeral hinne.'
                                                          (Fragmint út: Dingeman krijt wjukken)

(Ynternet) Links?
Nee, rjochts.