Bangma, Jelle

Jelle Bangma is berne op 14 maart 1955 yn Snits, hy groeide op yn Smelbrêge (by Wâldsein). Oan de Pabo De Him folge er in oplieding ta ûnderwizer. Fan 1981 oant 1985 hat er tegearre mei syn frou op in legere skoalle op Curacao wurke. Yn 1985 krige Jelle in beneaming as direkteur fan in basisskoalle op ‘e Gastmer. Fan 1988 ôf wurket Bangma as ûnderwiis-begelieder by it taalsintrum Frysk Cedin en is er redakteur fan de troch it sintrum útjûne tydskrften foar jongerein Switsj en LinKk.

Bangma hat him ûntwikkele ta in alsidich skriuwer mei in brede ynteresse, njonken proaza en poëzy en it skriuwen fan boeken oer keatsen hat er ek ferskeidene lesmetoaden skreaun.

Romans en ferhalen

  • 1987: Skroei, ferhalen foar de jeugd. Mei oaren (12 oant 15 jier)
  • 1991: Broei, ferhalen foar jongeren. Mei oaren (12 oant 15 jier)
  • 1992: Bretaalwei De Brand (keatsbiografy)
  • 1996: Fryske fakânsjeferhalen (mei oaren)
  • 1997: Fryske winterferhalen (mei oaren)
  • 1999: Neibroei, ferhalen foar jongeren. Mei oaren (12 oant 15 jier)
  • 2006: De Lange, mei Wio Joustra en Ate de Jong (keatsbiografy fan Hotze Schuil)

Poëzij

  • 1987:  Wy jouwe in rûntsje (mei oaren, gedichten)
  • 1988:  Wjukslach yn wifelljocht
  • 1993:  De twadde sirkel (gedichten en ferhalen, mei oaren)
  • 2002:  Dûbeld tij

Jeugdboeken

  • 1989:  Kamera klear... aksje (10 oant 12 jier)
  • 1990:  Snoes de poes (8 oant 10 jier)
  • 1990:  Smoarge smjirkerts (fersen foar de jeugd)
  • 1997:  Geintsje (8 oant 12 jier)
  • 1998:  Keatse foar de krânse  (10 oant 14 jier)
  • 1998:  Dûbeltsjûk (lês- en dochboek)
  • 2000:  Ikke (foarlês en dochboek foar beukers. Mei Riemkje Hoogland)
  • 2000:  In prachtich bosk kokosnuten (oersetting fan Dennis Reader) (8 oant 10 jier)
  • 2002:  De aventoeren fan Josje (stripferhalen mei tekeningen fan Luuk Klazenga)
  • 2005:  SMS in fers
  • 2006:  Skoare by FC Top
  • 2013: Kampioenen fan Fc Top