Jong, Hanneke de

Hanneke de Jong waard berne op 18 juny 1952 yn Aldetrine. Doe't se trije jier wie ferhuze se nei Sint Nyk omdat har heit dêr haad fan de legere skoalle waard. Hanneke woe, krekt as har heit, ek ûnderwizer wurde. Nei’t se in tal jierren foar de klasse stien hie, yn Beusichem en yn Grou, stapte se út it ûnderwiis. Yn de jierren dat der bern kamen, studearre se Frysk: earst de legere- en dêrnei de twaddegraads akte.

Nei de stúdzje joech se Fryske kursussen oan folwoeksenen en wie se dwaande mei toaniel. Se regisearre it Sinteklazemearke yn Wûnseradiel en skreau dêr ek de mearkes foar. Nei fiif kear fûn se it wol moai en boppedat kaam se wer foar de klasse te stean.
Yn it fuortset ûnderwiis waard se learares Frysk en Nederlânsk oan skoallemienskip Slauerhoff yn Ljouwert. Se wurket no op de ôfdieling PR & Kommunikaasje fan skoallemienskip Piter Jelles.

Skriuwe hat se eins har hiele libben dien. As bern stjoerde se faak stikjes op foar de berne-side yn de Friese Koerier oant se har doel berikt hie: kleine koerierjournaliste wêze. Yn har Grouster tiid, doe’t se thús op de lytse paste, skreau se har earste (Sint Piter)mearke. Letter skreau se mear mearkes foar it Sinteklaasfeest yn Wytmarsum en mei Simy Sevenster twa revues foar de Frjentsjerter Nijjiersrevue. Nei’t se yn 1990 mei it ferhaal It wetter oan de lippen in Rely Jorritsma-priis wûn, hie se de smaak fan it skriuwen foargoed te pakken en gie se fierder mei it skriuwen fan berneboeken.

Steancaravan
Fiif boeken letter waard it tiid foar wat grutters. Al lang hie se in jeugdroman yn de holle, mar om dat thús te skriuwen mei trije opgroeiende bern foel net ta. Yn in steancaravan yn Gaasterlân begûn se te wurkjen oan it boek dat yn 1999 útkaam: De lêste brief. Yn juny 2000 keas de Fryske Jeugdboekesjuery it boek ta it bêste jeugdboek fan dat jier en dat waard beleanne mei de Sulveren Spjelde. De Nederlânske oersetting ferskynde yn 2001 en waard yn 2002 bekroane mei in earfolle fermelding fan de Gouden Zoen-sjuery.
Troch Omrop Fryslân, productiehuis ’n Meeuw en GCO Fryslân waard it boek bewurke ta in multimediaprojekt, bedoeld as promoasje fan boeken en rjochte op de earste klassen fan it fuortset ûnderwiis. It stik, spile troch Lianne Zandstra, Tamara Schoppert en Nynke Heeg en mei lifemuzyk fan Twarres, gie ein 2004 op toernee en waard besjoen troch sa’n seistûzen taskôgers.
De twadde jeugdroman Sterke skouders ferskynde yn 2004, de oersetting in jier letter. Hanneke skreau it boek yn beide talen om en om, dat wie foar har in goede wize fan wurkjen; as it yn de iene taal net gong sa’t sy dat graach woe, dan slagge dat yn de oare faak wol.

Prizen
Sterke skouders waard pleatst op de IBBY list of honour 2006 (International Board on books for Young People) en yn 2007 nominearre foar de Simke Kloostermanpriis.

Foar Salsafamke krige Hanneke njonken in wurkbeurs ek in reisbeurs fan it Fonds voor de Letteren sadat se fiif wike nei Curaçao koe om alles sa goed mooglik beskriuwe te kinnen.

Wurk:

berneboeken:
1992 : De kraan seit: drip (Afûk)
1994 : Tsien fersnellingen (KU)
1995 : Aanst as it tsjuster wurdt (KU)
1995 : De griene fretop (Ljochtmoanneboekje nr. 10) (KU)
1996 : Ik ha it altyd dien (KU)
2000 : De geasten fan Sjaerdemastate (KU)
2005 : De betoverhoed (Aksjeboek foar bern 2005) (KU)
2006 : It ear fan Sven (KU)
2008 : Mira en de betoverhoed (oersetting) (Olga Kinderboeken)
2009 : Radio Afke (Friese Pers Boekerij)

jeugdboeken:
1999 : De lêste brief (KU)
2002 : De laatste brief (oersetting) (Van Goor)
2004 : Sterke skouders (KU)
2005 : Sterke schouders (oersetting) (Van Goor)
2008 : Salsafamke (Friese Pers Boekerij)
2009:  Salsameisje (oersetting) (Olga Kinderboeken)
2010: Time-out (skreaun mei Dolf Verroen) (Leopold)
2011: Salsafamke harkboek (Audiofrysk.nl)
2013: Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen
2014: Dertien dagen om een spetterend feest te organiseren


toaniel:
1990 : As de noardewyn gûlt (Sinteklazemearke)
1992 : It swurd fan Grutte Pier (Sinteklazemearke)
1993 : Tusken tolve en ien oere (Sinteklazemearke)
1993 : Kroezels yn trollebollebosk (Sinteklazemearke)
1994 : Doe't de mûtse fan de kening skeef stie (Sinteklazemearke)
1994 : De segen mei it jild (mei Simy Sevenster, Nijjiersrevue)
1998 : 500!!! (mei Simy Sevenster, Nijjierssrevue)

prizen:
1990 : Rely Jorritsma-priis foar ferhaal It wetter oan 'e lippen
2000 : Sulveren Spjelde jeugdboekesjuery foar De lêste brief
2002 : Gouden Zoen van de CPNB foar De laatste brief
2006 : Plak op de IBBY list of honour (International Board on books for Young People) mei Sterke skouders
2007 : Nominaasje fan de Simke Kloosterman-priis foar Sterke skouders
2010 : Simke Kloosterman-priis foar Salsafamke 

Sjoch fierder de webside fan Hanneke de Jong