Dykstra, Lida

Lida Dykstra (16 july 1961) skriuwt yn it Frysk en it Nederlânsk en set har eigen boeken oer fan de iene nei de oare taal. Njonken printeboeken en boeken foar begjinnende lêzers skriuwt se ek foar âldere jeugd. By dy boeken lit se har graach ynspirearje troch (keunst)skiednis, har eardere fakgebiet. Want nei it Atheneum hat se yn Leien earst oan de Reinwardt Academie (in HBO foar museummeiwurkers), studearre en dêrnei in stúdzje Keunstskiednis foltôge.

Har boeken wurde kleure troch in soad fantasy en humor.
Lida hat ûnder mear in ‘Vlag en Wimpel’ fan de griffelsjuery krigen foar Wachten op Apollo/Wolken fan wol, har printeboek Schattig/Skattich is troch de Flaamske Berne- en Jeugdsjuery bekroand mei de earste priis en se hat twa kear achterinoar de Simke Kloostermanpriis, de priis foar it bêste Fryske berneboek, yn ûntfangst naam.
Mei har man Henk en de knyn Flokje wennet Lida yn De Knipe, in doarp ûnder de reek fan It Hearrenfean. Ut har wurkkeamer wei hat se útsicht oer de greiden, maisfjilden en bosken.
Dochter Ingeborg wennet net mear thús, mar studearret yn Amsterdam.

Wêrom skriuwst berneboeken?
Doe 't yn 1992 ús dochter berne waard en ik ophold mei wurkjen yn it museum op ‘e Jouwer, hie ik ynienen in soad tiid oer. Doe besleat ik om in skriuwkursus te folgjen. It skriuwen foldie goed. Al gau krigen in pear koarte ferhalen fan my in plakje yn kranten en tydskriften en begûn ik oan myn earste boek.
Ik skriuw foar alle leeftiden: foar pjutten en beukers, foar âldere bern, mar soms ek foar folwoeksenen. Dy ôfwikseling is krekt sa aardich. It skriuwen fan berneboeken is trouwens net makliker as it skriuwen fan grutte-minske-boeken, sa ’t wolris tocht wurdt. It is oars.
Ik wurkje it leafst fuort achter de kompjûter. De tekst bliuwt dan netsjes en oersichtlik. Hoe lang ik oer in boek doch, hinget hielendal fan it ferhaal ôf. Lytse boekjes binne yn in pear moannen klear. Oan Lederwyntsje, bern mei krêften ha ik in jier wurke.
Soms duorret it dan noch jierren foardat it boek einlings yn 'e winkels leit. Want it giet nei in útjouwer, in tekener moat der oer gear, in foarmjouwer betinkt hoe ’t it der útsjen moat (hokker letter, hokker kleur op it omkaft) de printer moat it printsje en dan moat it ek noch nei de biner.

Wêrom skriuwst yn ‘t Frysk?
Yn it Frysk en it Hollânsk, dat hinget mar krekt fan de opdracht ôf. Ik set myn eigen boeken ek oer út it Frysk yn it Hollânsk en oarsom. Guon fan myn printeboeken binne ek útkommen yn it Ingelsk, Dútsk, Frânsk, Italjaansk, Afrikaansk, Sineesk, Japansk en Koreaansk.

Hoe komst oan dyn ûnderwerpen?
Ik haw antennes ûntwikkele om ûnderwerpen te finen. Goed sjen en harkje nei de wrâld om dy hinne, is hiel belangryk. Soms is der wat op de televyzje dat oansprekt, soms stiet der wat yn de krante. Troch in artikel yn ‘e Ljouwerter Krante ‘Belgisch kinderhotel vol gedumpte gasten’ kaam ik op it idee foar Het kinderhotel van juffrouw Kummel.
Ik ha in houten kistke fol mei krante-knipsels oer nijsgjirrige ûnderwerpen. Artikels dy’t my oansprekke knip ik út omdat ik der miskien noch wolris wat mei dwaan kin. Ik brûk ek graach histoaryske ûnderwerpen, want dêr wit ik troch myn fak no ienkear in soad fan.

Fynst de tekeningen belangryk?
Yllustraasjes en it omkaft binne hiel belangryk, want dy bepale foar it grutste part hoe’t in boek der útsjocht. De measte minsken sykje in boek yn ‘e boekwinkel of bibleteek dochs út op it uterlik.
Ik wol graach earst mei de tekener prate, foardat dy oan it wurk giet. Dan kin ik fertelle hoe’t ik guon dingen yn ‘e holle haw. It aldermoaiste fyn ik it, as tekst en plaatsjes ien gehiel wurde. Dat is bygelyks prachtich slagge by de boeken Mûske myn famke en Skattich. Dêr fertelle de plaatsjes dingen, dy’t net iens yn ‘e tekst steane.

Wat fynst it moaiste boek datst skreaun hast?
Ik bin wol hiel bliid mei Wolken fan wol (de Hollânske oersetting Wachten op Apollo hat in Vlag en Wimpel krigen fan de lannelike Griffel-sjuery, in moaie priis).
Mûske myn famke en Lederwynstje binne my ek wol hiel dierber. Dy boeken binne beide bekroand mei de Simke Kloostermanpriis. En dan binne der noch in pear boeken ûnderweis, dy’t neffens my ek wol hiel moai wurde.

Hoefolle berneboeken hast skreaun?

Yn it Frysk

  • 1994: Sjoerd Stiensma syn reis troch de tiid (berneboek fan 10 jier ôf) - Afûk
  • 1995: De billebiter (printeboek foar pjutten en beukers mei rymkes) - Friese Pers Boekerij
  • 1996: De skat fan Jonker Jan (berneboek fan 10 jier ôf) - Afûk
  • 1997: Pake past op Dideldeintsje (printeboek foar pjutten en beukers) - Afûk
  • 1998: Leaverikjes (Aksjeboek foar Bern, printeboek op rym foar pjutten en beukers) - Stichting It Fryske Boek/Friese Pers Boekerij
  • 1999: Gefaar foar graaf Max - Afûk
  • 1999: Snotaapkes, de beste aventoeren fan Boltsje de Boer (foarlêsferhalen) - Utjouwerij Bornmeer
  • 2000: Wolken fan wol (bewurking fan miten oer de metamorfoazen fan de Romeinske skriuwer Ovidius, foar de jeugd fan 12 jier ôf) - Utjouwerij Bornmeer
  • 2002: De suertsjeplysje (foarlêsferhalen) - Utjouwerij Bornmeer
  • 2003: Dideldeintsje wol nei skoalle (printeboek foar pjutten en beukers) - Utjouwerij Bornmeer
  • 2003: Mûske myn famke (Aksjeboek foar Bern, printeboek foar beukers) - Stichting It Fryske Boek/Utjouwerij Bornmeer
  • 2005: Lederwyntsje, bern mei krêften (foar bern fan 10 jier ôf) - Utjouwerij Bornmeer
  • 2005: Tsien lytse hekskes (printeboek) - Utjouwerij Bornmeer
  • 2005: Sabeareheks (fers op rymposter fan It Fryske Berneboek, yll. Linda de Haan)
  • 2006: Oekebakke boem (rymkes) – Utjouwerij Bornmeer
  • 2006: Skattich (printeboek) – Utjouwerij Bornmeer
  • 2007: Ik bin in optocht (printeboek) – Utjouwerij Bornmeer
  • 2007: Spegelspreuk (Aksjeboek foar bern) – Utjouwerij Aed Levwerd
  • 2008: Ik wol gjin broerke!(printeboek) – Utjouwerij Bornmeer
  • 2009: Kiki fangt in pake (koarte ferhalen foar bern fan 8 jier ôf) – Utjouwerij Bornmeer
  • 2009: De ridder fan Oei (berneboek fan 7 jier ôf)- Afûk
  • 2009: Ik, Anna (histoaryske roman foar folwoeksenen) - Afûk
  • 2010: Ik hâld fan Pod (printeboek mei biste-ensyklopedy, foar bern fan 6 jier ôf) – Utjouwerij Bornmeer
  • 2012: De nije seemearmin, in ferhalebondel foar folwoeksenen - Utjouwerrij Bornmeer
  • 2012: Knipperke - (Aksjeboek foar bern 2012, foar bern fan 3 oant 6 jier) - Afûk

Yn it Hollânsk:

  • 1997: Gevaar voor graaf Max (oerset út it Frysk, mei CD) - Kok Educatief
  • 1998: Poppennacht (fan 7 jier ôf) - Kok Educatief, Kampen
  • 1999: Sinto de Saurus (fan 7 ôf) - Bekadidakt
  • 2000: Vlieg naar de zon, Pip (AVI 1, begjinnende lêzers) - Maretak
  • 2000: Sim loopt weg (AVI 2, begjinnende lêzers) - Maretak
  • 2000: Koning Kind (AVI 3, begjinnende lêzers) - Maretak
  • 2001: Praat maar met Duif (AVI 1, begjinnende lêzers) - Maretak
  • 2001: Pootjes, pootjes, puf, puf (AVI 2, begjinnende lêzers) - Maretak
  • 2001: Wachten op Apollo (oersetting fan Wolken fan wol, fan 9 jier ôf) - Lemniscaat
  • 2002: Het kinderhotel van juffrouw Kummel (AVI 5) - Maretak
  • 2002: Pip is op Snoes (AVI 1, begjinnende lêzers) - Maretak
  • 2002: Maan en de Pixies (AVI 4) - Maretak
  • 2002: Ootje (foarlêsferhalen en sels lêze fan 6 jier ôf) - Lemniscaat
  • 2003: Ootje weer (foarlêsferhalen en sels lêze fan 6 jier ôf) - Lemniscaat
  • 2003: De toverlantaarn van juffrouw Kummel (AVI 6) - Maretak
  • 2003: Pin wil geen prik (AVI 3, begjinnende lêzers) - Maretak
  • 2005: Stoppen (AVI 6) - Maretak
  • 2005: Geeske en de cirkel van drie (oersetting fan Lederwyntsje, fan 8 jier ôf) Lemniscaat
  • 2005: Tien kleine heksjes (printeboek) – Lemniscaat
  • 2006: De DINKies: herten in nood (AVI 4)  – Maretak
  • 2006: Rollebollebom – Gottmer
  • 2006: Slaap lekker prinses (AVI 3, begjinnende lêzers) – Maretak
  • 2006: Schattig (printeboek) –Lemniscaat
  • 2007: Een muisje kan geen optocht zijn (printeboek) – Gottmer
  • 2007: Spiegelspreuk (jeugdboek vanaf 8 jaar) – Uitgeverij Aed Levwerd
  • 2008: Aangeboden: 1 schoolhond – Maretak
  • 2008: Kom van die peer, mier (AVI 3, begjinnende lêzers) – Maretak
  • 2008: Ik wil geen broertje (printeboek) – Gottmer
  • 2009: Vlokje ontvoerd (AVI E5) – Maretak
  • 2010: Kip is te gek (AVI Start)  – Maretak
  • 2010: Kaboutervoetbal (printeboek) – Gottmer
  • 2010: Welkom op de dierderij (printeboek) – Pimento
  • 2010: Ik hou van Pad (printeboek mei biste-ensyklopedy, foar bern fan 6 jier ôf) – Bornmeer
  • 2011: De DINKies: dolfijn aangespoeld (AVI E4) – Maretak
  • 2011: Verhalen voor de vossenbroertjes (jeugdboek fan 8 jier ôf) – Pimento
  • 2012: De toren van Harrewar (AVI E5) - Maretak
  • 2012: Dutje - Moon
  • 2013: De Moedhoed - Moon

Hast dêr ek prizen mei wûn?

  • 2002: Ibby Honour List foar Wolken fan wol
  • 2002: Vlag en Wimpel foar Wachten op Apollo
  • 2004: Simke Kloostermanpriis mei Mûske myn famke
  • 2007: Simke Kloostermanpriis mei Lederwyntsje, bern mei krêften
  • 2008: Earste priis fan de Vlaamse Kinder- en Jeugdjury foar Schattig
  • 2010: Ibby Honour List foar Spegelspreuk
  • Yn 2007, 2008 en 2011 in Leespluim van de maand takend krigen foar in printeboek.

Hast ek (oare) hobby’s?
Yn ‘e tún wurkje, nei in museum of teater gean.

Hast noch wat leuks te melden?
Ut en troch kom ik op skoallen om te fertellen oer myn wurk, fragen fan bern te beantwurdzjen en fansels om foar te lêzen. Dat fyn ’k hiel leuk om te dwaan. Wa’t my ek wolris op skoalle, yn ‘e bibleteek of op har lêsrûnte ha wol, kin kontakt opnimme mei It Fryske Boek of de stichting Schrijvers, School, Samenleving (www.sss.nl)

Efkes lêze?

(In Boltsje de Boer-ferhaal út De Suertsjeplysje, Utjouwerij Bornmeer)

Brún nimt wraak

It is hyt. Sa hyt, dat de dyk raant en de blommen slûch hingje. Boltsje sit yn syn keammerke. Dêr is it teminsten wat koelder.
'Bist hjir?' freget Elfy en se stekt har holle by Boltsje om 'e hoeke. Se hat har bikiny oan.
Mei in protte broembroembroem-lûden rydt Boltsje in auto de skuondoaze-garaazje yn. 'Hoi,' seit er dan.
'Sjoch ris wat ik haw.' Elfy hâldt him in pûde ûnder de noas.
'Ballonnen?' freget Boltsje.
'Ja. Mar gjin gewoane ballonnen. Wetterballonnen.'
Mei har tosken skuort Elfy de plestik pûde iepen. Se hellet der in reade ballon út. Dy docht se om de kraan by Boltsje syn waskbak. De ballon groeit troch it wetter.
'Sa is 't goed, seit Elfy tefreden. Se hellet de ballon fan de kraan en leit in knoop yn it úteintsje. Dan triuwt se him Boltsje yn 'e hannen.
'Nuver fielt dat,' seit dy en hy knypt ris yn 'e ballon.
'Wat wolst der no mei?'
'Smite fansels,' seit Elfy. Se lit yntiid in blauwe ballon fol mei wetter rinne.
'Dyn rút is dochs rjocht boppe jim foardoar?
Wy dogge it rút iepen. En de earste dy't by jim op 'e stoepe stiet, dy kriget de folle laach! Pang! Wetterballon op 'e kop. Laitsje, jong.'
Elfy lit noch twa ballonnen folrinne. Se leit se by it finster op 'e grûn.
'Sa,' seit se dan. 'Dochsto it rút iepen?'
Boltsje docht it.
Mar wol wat tsjin it sin.
'Mienst dat?' freget er Elfy. Dat de earste dy't op 'e stoepe stiet, dy ballon op 'e kop kriget?"
'Seker wete!' knikt Elfy.
'En as it master is?'
'Splatsh!' seit Elfy driigjend. 'Earlik is earlik.'
'En as de boargemaster op 'e stoepe stiet?'
'Splatsh! seit Elfy.
'De keninginne?'
Elfy knikt beret. 'Dy ek! De earste is de earste!
Dochst mei? Of bist in bangbroek?'
Boltsje lûkt in stoer gesicht. 'Ik doch mei!' seit er.
Hy pakt de reade ballon en giet heal út it iepen rút hingen. Elfy skoot nêst him mei in giele ballon.
As se al in hiel set hongen ha, hearre se einlings ien oankommen.
Boltsje syn hert slacht him tsjin ‘e ribben. No sil it heve. Hy hâldt de ballon lichtsjes fêst... rjocht boppe it stoepke...
It is Brún, dy't lui oantoffeljen komt. De hûn giet op it stoepke sitte en gappet mei de bek wiid iepen.
'Ik tel oant trije,' flústeret Elfy en dan... 'bommen los!'
'Mar it is Brún,' seit Boltsje. 'Wy binne dochs gjin dierebeulen?'
Elfy harket net. 'Ien, twa, trije!' telt se en se lit har ballon los. Mei in knal spat dy op 'e stoepe útinoar, flak nêst Brún. 
De hûn springt kjel oerein. Mei grutte sprongen ferdwynt er om 'e hoeke fan it hûs. Hy jankt fan skrik.
Elfy laket lûd. Mar Boltsje fynt it sielich.
'Ik wol sjen hoe't it mei Brún is,' seit er. En hy rint by de treppen del.
Elfy lûkt oan 'e skouders, mar se folget Boltsje.
Troch de skopui rinne se de tún yn. Se kinne Brún nergens fine.
Boltsje ropt syn hûn en hy fluitet op 'e fingers. Brún komt net. As er mar net fuortrûn is, tinkt Boltsje besoarge.
Hy en Elfy sykje fierder. Se rinne foar hûs del nei de foardoar. En as se by de stoepe steane...
Splatsh! Splatsh! ...falle der samar twa wetterballonnen út 'e loft. Ien knalt op 'e tegels útinoar. Elfy kriget de oare op it skouder. In fluts iiskâld wetter kletst har oer de bleate rêch.
Fan skrik skreauwe Boltsje en Elfy it út. Se sjogge omheech.
Mem stekt har holle nei bûten. 'Wat der no dochs bard is...' seit se tsjin Boltsje en Elfy. 'Dat leauwe jim noait. Rin ik Boltsje syn sliepkeamer yn om te stofsûgerjen, stiet Brún hjir foar it iepen rút, mei yn elke poat in wetterballon. Hoe komt sa'n ûndogenske hûn dêr no by? Hat er jim rekke?’
Boltsje sjocht Elfy oan. Elfy sjocht Boltsje oan ûnder har drippende flechtsjes wei. En dan barste se yn laitsjen út. Dy mem.

Links?
www.lidadijkstra.nl

(Lida is ek te finen op hyves).