Schotanus, Jan

Jan SchotanusJan Schotanus skriuwt meast foar bern fan sa’n njoggen jier ôf. Doe’t er noch foar de klasse stie helle er de ûnderwerpen foar syn boeken faak út ferhalen, dy’t de bern op skoalle fertelden. Hjoeddedei komt er se ek tsjin yn kranten of tydskriften. It binne meast spannende boeken mei in miks fan aventoer, skiednis en science fiction.

Syn haadpersoanen belibje alderhande aventoeren dy’t soms troch de tiden hinne rinne. Dat is bygelyks it gefal mei it boek De kwestje fan Quad. In heimsinnige professor, Quad, dy’t berne is yn it jier 2289, komt troch in defekt fan syn tiidmasine telâne yn it Mantgum fan 1989. Mar hy skriuwt ek graach mei oan ferhalen yn oparbeidzjen mei oare skriuwers lyk as de Mentha Minnemaboeken en de Travelierrige.


Yn 2007 ferskynde Nacht op it eilân as audioboek. Fan Jan Schotanus binne tsien oarspronklik Fryske berneboeken útkaam. Mar oersette docht er ek, bygelyks fan Roald Dahl Jappy en it sûkeladefabryk en Jappy en de grutte glêzen lift. En hy skriuwt toanielstikken foar bern en foar grutten.

Persoanlike gegevens

Namme: Jan Schotanus
Bertedatum: 12 augustus 1950
Boargerlike stân: troud mei Marja
Oplieding: û.o. HBS en PA (no Pabo),
Berop: ûnderwizer, skriuwer/oersetter
Wurk: lesmateriaal meitsje foar basisskoallelearlingen en oersetwurk

Wêrom skriuwst berneboeken?
Ik skriuw sawat fan 1976 ôf, tink ik, nei de oplieding Nederlânsk MO-A. Earst bin ik begûn as oersetter, mei it fertalen fan ferhalen út it Nederlânsk. Dêr kaam al gau it Ingelsk by en de ferhalen waarden boeken (Jappy en it sûkeladefabryk fan Roald Dahl) en toanielstikken. Fan it begjin ôf oan ha ik eins allinne mar yn it Frysk skreaun, mar der binne no ek trije boeken yn it Nederlânsk útkommen. Dy ha ik mei myn frou Marja oersetten. (Twa Mentha Minnema’s en Een nacht op het eiland.)
Ik skriuw meast foar bern fan sa’n njoggen jier ôf, al hâld ik net bot rekken mei de doelgroep, leau ik. Moai wurk fyn ik it skriuwen fan in toanielstikje of musical, dat ik dan sels earst mei de bern fan skoalle opfier. Letter binne dy stikjes hast allegearre útjûn  by de STUFT (Stichting Utjouwerij Frysk Toaniel).
In inkelde kear skriuw ik ek ferhalen foar grutte minsken. En ik ha al achttjin kear in toanielstik/musical foar grutte minsken oerset (Tryater en it Iepenloftspul fan Menaam en Jorwert).
Ik skriuw noch altyd mei de pinne, mar nei de earste ferzje komt it al gau yn de kompjûter. Dat sjit lekker op en ik ha in pear handichheidsjes ynboud dy’t bygelyks de nammen boppe toanielklausen (tekst foar in toanielspiler) automatysk fersoargje. Skeelt in stik wurk!
Fan tefoaren ha ik al lang oer in boek neitocht en meast ek in grut skema opsetten, mei, as it kin, alle haadstikken der al yn en ek hoe’t it ôfrint. Under it skriuwen giet it dan lykwols faak dochs wer hiel oars, mar dat hinderet neat. De Mentha Minnema-boeken binne in ferhaal apart, omdat wy dy min ofte mear mei ús trijen skreaunen. Anny de Jong en Riemkje Pitstra en ik bepraten de ideeën en de persoanen en dan makke hieltyd ien in boek, dat troch de oaren besjoen waard. Sa ha wy mei ús trijen in aardige rige opboud. Boppedat hat de skoalleradio trije seizoenen lang harkspullen oer Mentha útstjoerd, dy’t Anny, Riemkje en ik ek skreaun hawwe. Dat is wer hiel oar wurk!

Wêrom skriuwst yn ’t Frysk?
Omdat dat myn taal is.

Hoe komst oan de ûnderwerpen?
De ûnderwerpen helje ik faak út ferhalen, dy’t bern op skoalle fertelle, mar ik kom se ek tsjin yn de krante of yn in tydskrift of sa. De kwestje fan Quad bygelyks is begûn as lyts ferhaal, doe’t in jonge dy’t yn groep seis siet, my syn nije kilometerteller sjen liet dy’t er op 'e jierdei krigen hie.

Fynst de tekeningen belangryk?
Foar myn soarte fan berneboeken fyn ik yllustraasjes net sa wichtich. Ja, soms binne se sels steurend omdat de fantasije fan de lêzer tefolle stjoerd wurdt. Wat is der moaier as dysels in hiele foarstelling te meitsjen, hoe’t in âlde stêd of in ynteressante persoan der útsjen kin?

Wat fynst it moaiste boek datst skreaun hast?
Myn moaiste boek fyn ik noch altyd De kwestje fan Quad. It is in bytsje science-fiction-eftich en der sit ek skiednis yn en oer allebeide mei ik graach skriuwe. Miskien skriuw ik yn de takomst noch wolris in echt takomst-boek.

Hoefolle berneboeken hast skreaun?

Boeken:

  • 1982 : Jappy en it sûkeladefabryk (oersetting, Roald Dahl), Koperative Utjowerij
  • 1983 : In swalker op 'e kust, Koperative Utjowerij
  • 1986 : Operaasje W (oersetting, Heather Moon), Afûk
  • 1987 : Ajram fan 'e Edrei, Afûk
  • 1989 : De kwestje fan Quad,  Koperatieve Utjowerij
  • 1989 : De swannen fan Hoxwier, Afûk
  • 1989 : Jappy en de grutte glêzen lift (oersetting, Roald Dahl), Koperatieve Utjowerij
  • 1990 : De karate prinses (oersetting, Jeremy Strong), Afûk
  • 1990 : Mentha Minnema en it klokkemystearje, Afûk (oerset yn it Ned. 1995)
  • 1995 : Mentha Minnema en it smokkelmystearje, Afûk (oerset yn it Ned. 1997)
  • 1995 : In hânfol geiten (ferhalebondel, mei oaren), Afûk
  • 1997 : Gefaarlik spul foar Mentha Minnema (mei Anny de Jong en Riemkje Hoogland- 
     Pitstra), Afûk
  • 2001 : Een nacht op het eiland,  Bekadidact
  • 2002 : Nacht op it eilân (Aksjeboek foar bern fan It Fryske Boek), Afûk
  • 2003 : De ûnmooglike reis fan de Santa Maria, Afûk
  • 2007 : Mentha Minnema en it smokkelmystearje, audioboek, foarlêzen troch de skriuwer, Audiofrysk
  • 2007 : Gefaarlik spul foar Mentha Minnema, audioboek, foarlêzen troch troch de skriuwer, Audiofrysk
  • 2008 : De swannen fan Hoxwier, audioboek, foarlêzen troch de skriuwer, Audiofrysk
  • 2008 : De kwestje fan Quad, audioboek, foarlêzen troch de skriuwer, Audiofrysk
  • 2009 : Bor en de boef!, Afûk
  • 2010 : De Traveliers: Fûgelfrij yn de Canyon, Afûk 
  • 2010 : Jappy en it Sûkeladefabryk, audioboek, foarlêzen troch de skriuwer, Audiofrysk
  • 2010:  Fûgelfrij yn de Canyon, audioboek Audiofrysk

Toaniel:

  • oant 1994 : sa'n 10 toanielstikjes/musicals, STUFT
  • 1994/1995 : Frisia Ave (as Frisia non cantat foar it Berne-iepenloftspul), STUFT
  • 1995 : It BBB wurdt better, STUFT
  • 1996 : It Pompeblêdnet, STUFT
  • 1998 : Gaos yn de knalhal, STUFT
  • 2002 : De Wisse Hân kontra It Nije Riden, STUFT
  • 2004 : Witwatjewolle.nl  toanieloersetting nei Marjan van Gog, STUFT
  • 2000 : Oersetting fan de GFR, toanielbewurking fan de BFG fan Roald Dahl

Ferskaat:

  • 1993 - 2004 : Harkspullen foar de skoalleradio, Omrop Fryslân
  • 2004 : Wonen in de 20ste eeuw, website by Tresoar, (www.tresoar.nl/educatie/woningwet/StartpaginaWonen.htm)
  • Yn de rige Fokus Fryslân de boekjes:
  • 2005 : Wenjen hjoed en juster, Afûk
  • 2006 : Oan it wurk, Afûk
  • 2007 : Friezen fan formaat, Afûk
  • 2008 : Leauwen yn Fryslân, Afûk
  • 2007 : Ynformaasjeboekje: Ôfslútdyk, Cedin

Hast dêr ek prizen mei wûn?
2010: Sulveren Spjeld fan de Berneboekesjuery foar Bor en de boef
2010: Bongelboekepriis foar de Traveliersboeken

Hast ek (oare) hobbys?
Oare hobbys binne reizgje, fytse en lêze.

Hast noch wat leuks te melden?
Bestiet tafal? Myn frou hie in moaie klok yn in etalaazje sjoen. En doe't wy him keapje soenen, wie er de nachts dêrfoar stellen. Dat hat de oanlieding west foar Mentha Minnema en it klokkemystearje.
En doe't ik mei it skriuwen fan De ûnmooglike reis fan de Santa Maria al in eintsje op gleed wie, stie ynienen in berjochtsje yn de krante: in pear stikken hout fan de Santa Maria fan Kolumbus wienen yn in sânbank foar it ljocht kommen. Dy hienen dêr dus 500 jier lein te wachtsjen, oant ik der in boek oer skreau en se opdûkten!

Eefkes lêze?

(út: Nacht op it eilân)

Paul en Eva ha de boat mist nei de fêste wâl. Se moatte in nacht langer op Skylge bliuwe.

Haadstik 3. De streuper

Troch in stille strjitte komme Paul en Eva by it Griene strân. Se steane op it paad om it doarp hinne en sjogge even nei de see. De lêste sinnestrielen blikkerje op de golven. Tsjustere wolkens sile oer see op it eilân ta. Dizze jûn liket de natoer wol ekstra moai.
Al itendewei rinne se it noarden yn.
Dan is de patat op.
Eva stapt ticht neist Paul, de kapusjon heech op. Ek Paul dûkt djipper yn de jas.
“Ik fyn it spannend,” seit Eva. “Do en ik yn in hutsje, en gjinien dy't it wit. Spannend, mar ek wol in bytsje eng.”
Efter har swypkje koplampen oer it dún.
“Dûke!” Paul lûkt Eva mei oer de râne fan it dún njonken it paad. Se litte har yn it lange gers falle.
“Soene se ús sykje, tochtst?”
Se kypje troch de halmen.
“Achterút!” sist Paul.
“Ik wol ek wat sjen!”
“Do falst folle mear op!”

Sjoch ek ris op: www.DATtekstbureau.nl en http://traveliers.afuk.nl