Bangma, Jelle

Jelle Bangma is berne op 14 maart 1955 yn Snits, hy groeide op yn Smelbrêge (by Wâldsein). Oan de Pabo De Him folge er in oplieding ta ûnderwizer. Fan 1981 oant 1985 hat er tegearre mei syn frou op in legere skoalle op Curacao wurke. Yn 1985 krige Jelle in beneaming as direkteur fan in basisskoalle op ‘e Gastmer. Fan 1988 ôf wurket Bangma as ûnderwiis-begelieder by it taalsintrum Frysk Cedin en is er redakteur fan de troch it sintrum útjûne tydskrften foar jongerein Switsj en LinKk.

Lees meer: Bangma, Jelle

Boer, Helena de

Helena is berne yn Snits (16 febrewaris 1962). Se is in Nederlânske keunstneres en skriuwster. Se makke de Frysktalige televyzjerige foar bern: Bear Boeloe, dy't sûnt 1995 op Omrop Fryslân te sjen is. Ferskate ôfleverings binne ek yn boekfoarm ferskynd, yllustrearre troch Helena sels.

Lees meer: Boer, Helena de

Braaksma, Machiel

Machiel Braaksma is berne yn Bartlehiem (21-1-1959). Hy folge fan 1975 oant 1979de MTS Schildersschool yn Zwolle. Dêrnei oant 1984 de Kunstacademie CABK te Kampen en yn 1984 de Accademia di Belle Arti di Brera yn Milaan. Machiel Braaksma is wurksum as byldzjend keunstner, skriuwer, yllustrator en dekorateur. Njonken dat jout er workshops op skoallen.

Lees meer: Braaksma, Machiel

Dam, Eppie

Eppie Dam is op 5 maart 1953 berne yn De Pomp (Kollumerpomp), yn in agrarysk fermidden. Hy folge de oplieding ta ûnderwizer en wurke as sadanich earst op Urk en letter yn Balk. Eppie Dam is in produktyf en alsidich skriuwer; hy skriuwt gedichten, ferhalen, berneboeken, kollums en literêre kritiken. Fierders hat er inkelde jierren redakteur west fan it literêr tydskrift Trotwaer.

Lees meer: Dam, Eppie

Dijk, Paul van

Paul van Dijk is berne op 3 april 1981. Paul hat earst op basiskoalle 'De Tarissing' sitten, dêrnei gie er nei RSG Magister Alvinus yn Snits. Earst woe er dokter wurde, dêrnei tekener of muzikant. Uteinlik waard er learaar Ingelsk.
Sûnt 2002 jout er Ingelske taal op in skoalle foar foartset ûnderwiis yn Balk.
Oerdei is er learaar, mar jûns . . . dan dreamt er, op papier!

Lees meer: Dijk, Paul van

Douma, Geartsje

Geartsje Douma waard berne op 29 febrewaris 1956 yn Heech, mar is opgroeid yn De Pein. Se wennet dêr net mear, mar wurket dêr sûnt 1989 as learkrêft oan de KBS ‘It Maitiidslibben’.
Geartsje hâldt in soad fan muzyk en skriuwt ferskes foar bern. Ek skriuwt se opsisferskes en ferhaleboekjes foar jonge bern.

Lees meer: Douma, Geartsje

Dykstra, Lida

Lida Dykstra (16 july 1961) skriuwt yn it Frysk en it Nederlânsk en set har eigen boeken oer fan de iene nei de oare taal. Njonken printeboeken en boeken foar begjinnende lêzers skriuwt se ek foar âldere jeugd. By dy boeken lit se har graach ynspirearje troch (keunst)skiednis, har eardere fakgebiet. Want nei it Atheneum hat se yn Leien earst oan de Reinwardt Academie (in HBO foar museummeiwurkers), studearre en dêrnei in stúdzje Keunstskiednis foltôge.

Lees meer: Dykstra, Lida

Geest, Berber van der

Berber van der Geest waard op 19 febrewaris 1938 berne yn Ljouwert yn in Frysktalich fermidden. Op 'e Roomske skoallen dêr't hja op gien hat, waard it Frysk net foar fol oan sjoen. Troch ynfloed fan har pake, de skilder Jaring Walta, begûn Berber dochs yn it Frysk te skriuwen. Nei de ULO woe sy graach nei de keunstakademy, mar it waard foarearst  in baan op kantoar.

Lees meer: Geest, Berber van der

Grijpstra, Ate

Ate Grypstra waard op 5 maart 1973 berne yn Noardburgum, mar ferhuze wol gauris. Hy gie nei basisskoallen yn Koatstertille en yn De Westereen en nei middelbere skoallen yn Bûtenpost en yn Ljouwert. Nei in jier soldaat west te hawwen yn Stienwyk, besleat er dat it leger net echt wat foar him wie en dat er mar better wat trochleare koe. Yn Grins studearre er Ingelsk oan de universiteit en letter ek noch Frysk. Hy waard learaar yn beide talen en jout op it heden les op in gymnasium. Yn syn frije tiid mei er graach lêze, game, gitaarspylje, hurdrinne, skeelerje en reedride. En skriuwe fansels!

Lees meer: Grijpstra, Ate

Hichtum, Nynke fan

Sjoukje Troelstra-Bokma de Boer
1860-1939

Nynke van Hichtum waard ferneamd troch har yn 1903 publisearre berneboek, Afkes Tiental (yn it Frysk oerset: De tsien fan Martens Afke), in skets út it Fryske arbeiderslibben. Troch har boeken en benammen ek troch alle resinsjes en essay’s dy’t se publisearre oer berneboeken en oer de easken dêr’t goede jeugdliteratuer neffens har oan foldwaan moast, stie se yn de earste helte fan de tweintichste ieu yn heech oansjen as ien fan de bêste berneboekeskriuwsters fan Nederlân.

Lees meer: Hichtum, Nynke fan

Hoogland-Pitstra Riemkje

Riemkje Hoogland-Pitstra hat mear as 40 jier yn it ûnderwiis wurke. Mar se is noch lang net klear mei skriuwen! Se rjochtet har in soad op aktiviteiten foar jongere bern. Ek is se de auteur fan boartlik Frysk lesmateriaal foar pjutten en beukers lyk as de Sânglêsrige en Studio F. Yn gearwurking mei Auck Peanstra lit se Tomke, Romke, Kornelia en Yana Yu allegear aventoeren belibje yn ferhalen, boekjes op rym, Tomke-útstjoerings op Omrop Fryslân en yn de ‘Weekkrant Fryslân’.

Lees meer: Hoogland-Pitstra Riemkje

Huber, Diet

Diet Huber (9-4-1924 – 7-10-2008) is berne yn Ljouwert. Nei de middelbere skoalle woe se graach fierder studearje, mar dêr wie thús, yn de krisisjierren, gjin jild foar. Jûns nei it wurk die se de dingen dêr’t se echt fan hold, tekenjen en skriuwen. Nei de oarloch yn 1946 krige se de kâns om te studearjen oan de Amsterdamske Keunstniverheidsskoalle, de foarrinner fan de Rietveld Akademy. Se folge dêr de oplieding tekenjen en yllustrearjen.

Lees meer: Huber, Diet

Hut, Arjan

Arajn Hut is op 19 jannewaris 1976 berne yn Drachten, hy groeide op yn Surhústerfean en wennet no yn Ljouwert. Nei it atheneum studearre er Frysk en Ingelsk oan de Noordelijke Hogeschool yn Ljouwert.

Arjan Hut wie mei-oprjochter en redaksjelid fan Doar (2003-2008), in ynternetpoadium foar jonge Fryske talinten. Yn febrewaris 2006 is it Doar Boek presintearre, dat in seleksje befettet fan earder yn it tydskrift publisearre wurk. Arjan Hut en Elizabeth Hietkamp wiene de besoargers fan it boek. Foar de omrop hat er in tydlang in radiokollum skreaun en foarlêzen. Yn 2005 en 2006 wie Hut stedsdichter fan Ljouwert

Lees meer: Hut, Arjan

Jong, Anny de

Jong, Anny de

Anny de Jong waard yn 1946 berne yn Tsjerkwert. Se learde oan de kristlike kweekskoalle te Snits ta ûnderwizeres. Neidat se slagge wie, wurke se fiif jier as ûnderwizeres yn Gaasterlân. Dêrnei krige se in beneaming oan de kristlike basisskoalle yn Bûtenpost, dy skoalle is se trou bleaun oant se mei de FPU gong. Anny wennet mei har hûn en in tal Siameeske katten yn Kollum.

Lees meer: Jong, Anny de

Jong, Hanneke de

Hanneke de Jong waard berne op 18 juny 1952 yn Aldetrine. Doe't se trije jier wie ferhuze se nei Sint Nyk omdat har heit dêr haad fan de legere skoalle waard. Hanneke woe, krekt as har heit, ek ûnderwizer wurde. Nei’t se in tal jierren foar de klasse stien hie, yn Beusichem en yn Grou, stapte se út it ûnderwiis. Yn de jierren dat der bern kamen, studearre se Frysk: earst de legere- en dêrnei de twaddegraads akte.

Lees meer: Jong, Hanneke de

Kloosterman, Simke

Simke Kloosterman (Twizel, 25 novimber 1876 - Ljouwert 5 desimber 1938) wie in Fryske skriuwster en dichteres. Simke Kloosterman wie iennich bern fan de Fryske dichter Jan Ritskes Kloosterman. Nei de Hofskoalle yn Ljouwert gie se nei in partikuliere skoalle yn Grins en in kostskoalle yn Wijk by Duurstede

Lees meer: Kloosterman, Simke

Meer, Hindrik van der

Hindrik van der Meer groeide op yn in muzikale boerehúshâlding yn Bantegea, as âldste fan fjouwer bern.
Hy folge de ûnderwizers oplieding oan de kristlike kweekskoalle yn Snits. Op in stuit kombinearre hy syn baan yn it ûnderwiis mei de stúdzje Skoalmuzyk, earst yn Ljouwert oan de Muzyk Pedagogische Academy en letter oan it Grinzer konservatorium. Tusken 1970 en 1990 wurke Van der Meer as muzykdosint oan Pabo De Hem yn Snits.

Lees meer: Meer, Hindrik van der

Meer, Jurjen van der

Jurjen van der Meer is berne yn Skearnegoutum, mar wennet al sawat syn hiele libben yn Terkaple-Eagmaryp. Hy wurket as ûnderwizer oan de kristlike basisskoalle ‘It Haskerfjild’ op ’e Jouwer, is tekstskriuwer en hy is projektmeiwurker by Cedin. Op P.A. De Him te Snits krige er ûnder oaren les fan Hindrik van der Meer (muzyk), in learaar dy’t by him ynterresse yn de Fryske taal en wekker makke.

Lees meer: Meer, Jurjen van der

Mulder, Tiny

Tiny Mulder (2 april 1921 - 4 novimber 2010) waard berne yn Beetstersweach. As bern wenne se op ferskate plakken bûten Fryslân. Doe't se trettjin jier wie, ferhuze de famylje Mulder nei Drachten. Tiny learde dêr Frysk praten en se folge in kursus foar lêzen en skriuwen. Yn de Twadde Wrâldoarloch kaam se yn it ferset telâne. Piter Wybenga, ien fan de lettere lieders fan de Fryske yllegaliteit, frege har om mei te dwaan yn syn fersetsgroep. As fersetsfrou holp se alliearde piloaten, socht se ûnderdûkadressen foar joadske minsken en die se fierder wat der op har wei kaam.

Lees meer: Mulder, Tiny

Peanstra, Auck

Peanstra, Auck

Auck hat sa’n 25 jier foar de klasse stien -  faklearkrêft Frysk, groepslearkrêft groep 2 – mar hat har dêrnei mear talein op it skriuwen en it fersoargjen fan programs dêroer. Want foarlêzen wie grutste passy en dêr liet se elkenien graach fan mei genietsje. Grut of lyts, se wie yn alle silen mak. En ferhalen, dy hie se genôch. Troch de jierren hinne hat se ferskate boeken skreaun foar pjutten, âldere bern oant romans.  (In oersjoch fa alle titels is te finen op www.auckpeanstra.nl)

Lees meer: Peanstra, Auck