Oer de boeken

Titel: It goud fan de aboriginals
Skriuwster: Auck Peanstra 2009
Foarmjouwing: Meine Nijenhuis
Utjefte: Afûk
NUR: 283
ISBN: 978 90 6273 804 5
AVI- E6

Ut it ferhaal
Nei’t se in skoftke rûn ha seit Hidde: ‘Wêr binne dy tekeningen no? We binne dochs echt fan dizze kant kommen.’
‘Ja,’ seit Fardau, ‘we hiene der al lang wêze moatten. Of wie it miskien in bytsje de oare kant út?’ De panyk slacht ta.
‘We sitte midden yn de woestyn. We ha gjin iten en drinken by ús. En dy sinne!’
Ut it neat ferskynt ynienen in ploechje minsken. Brune minsken. Aboriginals, sjogge se daalk oan de gesichten. De mannen drage spearen as wapens…

Titel: In flitsend hûntsje
Skriuwster: Anny de Jong 2010
Foarmjouwing: Meine Nijenhuis
Utjefte: Afûk
NUR: 283
ISBN: 978 90 6273 830 4
AVI- E6

Ut it ferhaal
It duorret in ivichheid foar’t Hugh werom is. Hy sjocht bleek en ropt fan fierren: ‘Sweep is fuort.’
Syn mem besiket him del te bêdzjen, mar se kin it net helpe dat har stim ûngerêst klinkt.
‘Ho, even rêstich. Wiene Katy-en-dy der noch?’ Hugh skodhollet.
‘Dan is er dus net mei Swan oan it gekjeien. Wy geane it fjild oer om te sykjen. Miskien leit er wol ergens oars.’
Hugh sjocht syn mem bang oan. ‘Dat leaut mem sels net. Sweep giet noait, noait by de auto wei!’

Titel: Fûgelfrij yn de Canyon
Skriuwer: Jan Schotanus 2010
Foarmjouwing: Meine Nijenhuis
Utjefte: Afûk
NUR: 283
ISBN: 978 90 6273 851 9
AVI- E6/M7

Ut it ferhaal
Der klinkt in lûde knal.
‘Hat dy fint in pistoal!?’ Jelle wurdt bleek om ’e holle. ‘Ik wol hjirwei!’
‘Nee, stil!’
In doar slacht ticht.
Hidde en Jelle meitsje har sa lyts mooglik.
Se hearre de man praten. Se kinne it net  ferstean, mar syn stim klinkt lilk.
Hy rint hinne en wer.
‘Tsjin wa praat er? Is der nóch ien?’ systeret Hidde. ‘Of bellet er?’
Se hâlde de siken yn en ha de earen op skerp.

Titel: Yslik aktyf
Skriuwster: Anny de Jong 2009
Foarmjouwing: Meine Nijenhuis
Utjefte: Afûk
NUR: 283
ISBN: 978 90 6273 805 2
AVI- M7

Ut it ferhaal
‘Allegearre út de gongen,’ brult er yn de ynterkom. Dan begjint er te sprinten. As George de beide tassen te pakken hat, fljocht er by de smelle treppens op mei yn elke hân in tas. It horloazje oan syn linkerpols tikket de lêste sekonden fuort. Hy rêdt it net. Mei de longen op knappen draaft er oer it dek. Mei in swaai goait er de beide rêchsekken oer de reling. Se bliuwe in skoftke driuwen. Dan ferdwine se yn it wetter. It duorret noch alve sekonden as mei in knal it wetter omheech spuitet.

Titel: Kantsjeboard op Kurasau
Skriuwster: Auck Peanstra 2012
Foarmjouwing: Meine Nijenhuis
Utjefte: Afûk
NUR: 283
ISBN: 978-90-6273-245-6
AVI- E6

Ut it ferhaal
Yn harren fakânsje op Kurasao fine Hidde en Fardau, ferburgen yn in âld hutte, swiere drugs.
Ut nijsgjirrigens nimt Fardau in pûdsje mei. Dom fansels, want de eigener, in krimineel, komt harren op it spoar. Hy ûntfiert de bern en bringt se nei in grot oan de kust. Se sjogge kâns om te ûnkommen en flechtsje yn panyk de oseaan op. Mar,  yn it roeiboatsje lizze gjin riemen en de ôfwaaiende stream is sterk…