Kantsjeboard op Kurasao, moaiste boek Berneboekesjuery

Kantsjeboard op Kurasao, moaiste boek Berneboekesjuery

Kantsjeboard op Kurasao, skreaun troch Auck Peanstra, is it moaiste boek fan de Fryske Berneboekesjuery 2012. Dat fine de bern dy't meidien ha oan it lêzen en beoardieljen fan de fiif boeken út de Traveliersrige.

Op moandei 25 juny waard de prachtige Sulveren Spjeld útrikt oan de skriuwster yn basisskoalle De Pôlle te Marsum. By dat feestlik barren wiene ek de beide oare skriuwers fan de ferhalen oer de famylje Travelier, Anny de Jong en Jan Schotanus, oanwêzich.

Bern út de groepen 7 en 8 fan de basisskoallen yn Fryslân koene tusken febrewaris en maaie mei it lêzen fan de rige oan 'e slach, stik foar stik tige spannende boeken dy't har hieltyd wer yn in oar fier lân ôfspylje. Der hawwe 25 skoallen oan dit lêsbefoarderingsprojekt meidien. De oare titels binne:
It goud fan de Aboriginals fan Auck Peanstra
In flitsend hûntsje fan Anny de Jong
Yslik aktyf fan Anny de Jong
Fûgelfrij yn de Canyon fan Jan Schotanus

Foar de skoallen foelen der ek noch prizen te winnen. De Pôlle yn Marsum hie de twadde priis, in boekepakket. De middeis hat Auck Peanstra ek noch in besite brocht oan basisskoalle De Romte yn Itens om dêr de tredde priis te bringen. De learlingen yn Itens hiene in hiele soad fragen foar de skriuwster, bygelyks oer har boeken, oft se echt op Kurasao west hie of wêr't se wenne. Lokkich hat Auck Peanstra in eigen webside: www.auckpeanstra.nl dêr't noch hiel wat mear ynformaasje op te finen is.

Op tiisdei 26 juny hat basisskoalle It Partoer yn Burgum de earste priis krigen. Op moandei slagge dat troch oare drokten op skoalle net, mar bern en dosinten wiene tige wiis mei it grutte pakket mei boeken.

De Berneboekesjuery is in mienskiplik projekt fan Tresoar, de Afûk, it Taalsintrum Frysk fan Cedin, Bibliotheekservice Fryslân en de Pabo's fan de NHL en Stenden en wurdt om it jier organisearre. Takom jier sille dizze ynstellings wer in Fryske Foarlêswedstriid útskriuwe.