Spoaren!

De Traveliers is in searje spannende en nijsgjirrige boeken foar bern fan 10 jier ôf. De famylje Travelier reizget de wrâld oer. Mei troch it wurk fan heit foar alderhande projekten yn it bûtenlân komme Hidde en Fardau op plakken dêr’t it aventoer om ’e hoeke leit.. Spoaren! is diel 6.

Skreaun troch Anny de Jong
Utjefte: Afûk, Ljouwert
NUR: 283
ISBN: 978 90 6273 919 6
AVI - M7

“Jimme hawwe by it fleantúch west.” Hidde ropt fuort fan: “No”. De militêr stekt syn hân op. “Net lige, asjebleaft. Wy hawwe jimme fingertaasten fûn”. De man sjocht lang fan de iene nei de oare. Dan wiist er driigjend nei Hidde. “En do hast de doaskes út it tastel helle”. Hidde wurdt wyt en read. It swit komt him ûnder de noas te stean. Hy moat nei de goede Ingelske wurden sykje. Hy stammeret:
“Ik ha se wier net”. “Wat hast der mei dien? “Neat,” ropt er. “Ik ha se fergetten en doe…….”
Spoaren! is alwer de 6e útjefte yn de searje De Traveliers. In searje spannende en nijsgjirrige boeken foar bern fan 10 jier ôf.

Ferkeappriis: € 12,50
Leeftyd: 10 +