Gers op it dak

Skreaun troch: Hanneke de Jong
Yllustraasjes: Linda de Haan
Utjouwer: Audiofrysk, Easterwierrum
ISBN: 978-94-6038-118-8
AVI: M4

‘Help!’ pipet Joep. ‘De hûn wol my bite! Ik sjoch syn tosken!’ ‘Stel dy net oan,’ seit Eef. ‘Dit is Hup, ús hûn. Hup is altyd bliid.’

Bauk, de mem fan Eef, sil op Joep passe. Eef helpt har mem sa goed as se kin. Se lit Joep alles sjen. De tún, de bisten. En it dak... Komt dat wol goed?

Wat in ein!

Skreaun troch: Jan Schotanus
Yllustraasjes: Linda de Haan
Utjouwer: Audiofrysk, Easterwierrum
ISBN: 978-94-6038-118-8
AVI: M4

Heit sliept as in baarch. ‘Hee! Hee! Wekker wurde. Derút. Mûzen. Mûzen yn de tinte. Wy wolle yn de auto,’ sist mem. ‘No, famke. Mûskes? Yn de tinte? ‘Derûnder! En gniis net. It is net leuk.’

Wim en Afke wolle graach op fakânsje. Omdat har eigen auto stikken is, hat heit ien hierd, in âlde ‘ein’. Heit fynt him prachtich, mar it wurdt wol in hiel oare fakânsje as oare jierren. De camping yn Frankryk helje se, mar dan begjinne de aventoeren...

Beppe hat in aaipet

Skreaun troch: Mindert Wijnstra
Yllustraasjes: Babs Wijnstra
Utjouwer: Audiofrysk, Easterwierrum
ISBN: 978-94-6038-116-4
AVI: M4

‘Beppe hat in aaipet,’ seit Tom ûnder iten. ‘Ja, dat wit ik,’ knikt mem. ‘Docht se der noch wat mei?’ ‘Se hat him op ’e holle,’ seit Tom.

Tom is graach by beppe. Sy begrypt him better as heit en mem. Dan wurdt beppe siik. Mar al hoe siik se ek is, tegearre ha se noch wille en fine se treast by elkoar.

De toverangel fan Ate

Skreaun troch: Jurjen van der Meer
Yllustraasjes: Maaike van den Akker
Utjouwer: Audiofrysk, Easterwierrum
ISBN: 978-94-6038-119-5
AVI: E3

Ate sjocht frjemd op. In toverangel út in toverbeam? Dêr hat hy noch noait fan heard. Angels lizze yn ’e winkel. Se groeie dochs net oan in beam?

As der in fiskwedstriid holden wurdt, wol Ate ek meidwaan. Mar hy hat gjin angel. Dêr wit pake Jan wol wat op. Hy makket foar Ate in toverangel. In toverangel mei trije bledsjes. En dy bledsjes binne hiel spesjaal…
De toverangel fan Ate: ek geskikt foar bern dy’t graach bûten boartsje.

Ridder Jet

Skreaun troch: Lida Dykstra
Yllustraasjes: Maaike van den Akker
Utjouwer: Audiofrysk, Easterwierrum
ISBN: 978-94-6038-114-0
AVI: E3

Jet skopt om har hinne, mar se sit sa fêst as in hûs. ‘Lit my los!’ raast se. ‘Want oars, want oars...’ ‘Wat oars?’ laket de boef. Ja, dat wit ik ek net, tinkt Jet.

Der driget rûnom gefaar yn it ryk fan prinses Jet. Der rinne boeven om, en ek noch in fjoerspuiende draak. Dêrom ûntsnapt se – oan in lange sjaal – út de toer dêr’t se opsletten sit. Alderearst giet se achter twa dieven oan dy’t in beurs stellen ha. Gelokkich kriget se help út ûnferwachte hoeke…

Boem is ho!

Skreaun troch: Anny de Jong
Yllustraasjes: Yke Reeder
Utjouwer: Audiofrysk, Easterwierrum
ISBN: 978-94-6038-115-7
VI: E4

In auto nimt de binnenbocht. Hy rekket krekt de karre fan Nynke. Se kypt de steile berm yn. Har fingers komme tusken de speaken. In tel letter...

In deagewoane groep. In ‘nije’ (in opskepperke), in famke yn in rolstoel (mar net silich), in jonkje dat sljocht is op pankoeken, in juf dy’t op har jierdei soarget foar in spannende ferrassing en ek noch...

De gouden knikkert

Skreaun troch: Enno Bruinsma
Yllustraasjes: ferskate bern

Utjefte: Elikser, Ljouwert
ISBN: 978-90-8954-215-1
AVI: M4

Lees meer: De gouden knikkert

In geheime kat

In boek foar de lesmetoade 'STUDIO F' oer it tema natuer

Skreaun troch: Auck Peanstra
yllustraasjes: Natascha Stenvert

Utjefte: Afûk
ISBN: 978 90 6273 837 3
AVI - E4/M5

Oer de ynhâld:

Lees meer: In geheime kat

Tsjang tsjin tiid

In boek foar de lesmetoade 'STUDIO F' oer it tema tiid

Skreaun troch: Ate Grypstra
yllustraasjes: Natascha Stenvert

Utjefte: Afûk
ISBN: 978 90 6273 836 6
AVI - E4/M5

Oer de ynhâld:

Lees meer: Tsjang tsjin tiid

De hutte

In boek foar de lesmetoade 'STUDIO F' oer it tema omjouwing

Skreaun troch: Jurjen van de Meer
yllustraasjes: Natascha Stenvert

Utjefte: Afûk
ISBN: 978 90 6273 838 0
AVI - E4/M5

Oer de ynhâld:

Lees meer: De hutte

Sjouke en Kevin

In boek foar de lesmetoade 'STUDIO F' oer it tema sport

Skreaun troch: Jetske Bilker
yllustraasjes: Natascha Stenvert

Utjefte: Afûk
ISBN: 978 90 6273 835 9
AVI - E4/M5

Oer de ynhâld:

Lees meer: Sjouke en Kevin