Lêsnivo Berneboeken: AVI- nivo's

AVI is de ôfkoarting fan ‘Analyse van Individualiseringsvormen’. It is in systeem dat al yn 1977 ûntwikkele waard en yn 1994 modernisearre. It doel is it lêsûnderwiis op basisskoallen te individualisearjen. Learkrêften wolle bern boeken oanbiede op harren eigen nivo. It AVI-systeem biedt twa grutte tapassings: oan de iene kant wurdt sjoen nei hoe dreech in tekst is en oan de oare kant wurdt de lêsfeardigens bepaald.
Foar de Fryske berneboeken is no ek in begjin makke mei it takennen fan AVI-nivo’s foar de groepen 4 oant en mei 7..