Lida Dykstra komt nei museum Belvédère

Fan skriuwster Lida Dykstra is koartlyn in prachtich boek útkaam foar de Fryske Berneboeketiid 2017. De huodsjes fan Mata-Hari, foar bern fan 10 jier ôf, giet oer dy earder sa ferneamde dûnseres, Margaretha Zelle.
Op útnûging fan de SLAH (Stichting Literaire Activiteiten Heerenveen), jout Lida Dykstra op 18 oktober in lêzing yn Museum Belvédère. Yn dy lêzing leit de klam op in tal fan har lêste, grutte projekten. Mei help fan in powerpointpresintaasje jout se in taljochting op hoe't byld en tekst yn har boeken ynfloed op elkoar ha.

Yn 1993 wûn Lida de troch de SLAH organisearre wedstriid om De Gouden Pinne. Dat waard it begjin fan in bloeiende skriuwerskarriêre, dy't har koartlyn yn de top 100 fan Nederlânske berneboekeskriuwers brocht. Oant no ta skreau se sa'n santich berneboeken, yn it Frysk en yn it Nederlânsk. Se set sels har boeken oer fan de iene yn de oare taal. Se skriuwt fierder ferhalen foar tydskriften en kranten, harkspullen en lesmateriaal.

Datum: woansdei 18 oktober
Lokaasje: Museum Belvédère
Tagong: € 10,- (stipers, skoaljeugd en studinten € 5,-)
Seal iepen: 19.30 oere, oanfang 20.00 oere
Sjoch foar mear ynformaasje oer de SLAH op de website, www.slahheerenveen.nl.
Oanmelde foar dizze jûn kin fia: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. of telefoanysk: 0513-629215.