Berneboekedei Terherne 2017

Kommende snein 15 oktober is it wer Berneboekedei yn Terherne fan 13.00 oant 17.00 oere.
De tagong is fergees!
De dei wurdt iepene troch de dûnsers fan Dansen in Friesland en de priisútrikking fan de boekekistkeswedstriid.

Klik foar de aktiviteiten op 'lees meer'.

 

 

 

  • Foarlêze mei muzyk foar beukers: Swimt de fisk nei de see.
  • Teaterfoarstelling Rôversguod: In foarstelling mei poppen en muzyk fan it jeugdkorps Harmonie út Weidum
  • Berneboekekistkestentoanstelling: yn de kistkes binne ‘grizelige’ boeken útbylde troch learlingen fan ferskate basisskoallen
  • Fryske skriuwers yn de bus fan de Kulturele Haadstêd mei Hanneke de Jong, Thys Wadman, Mirjam van Houten, Joke Scheffer, Riemkje Hoogland en Janneke de Boer
  • De huodsjes fan Mata-Hari oer it Aksjeboek fan de Berneboekewike. Auteur Lida Dykstra en teatermakker Jan-Dirk van Ravensteijn ha in foarstelling makke spesjaal foar bern, oer de Ljouwerter kontraspionne Mata-Hari.
  • Nivelje mei de Blije Papagaai: In spinneweb timmerje, in grizelich ljochtsje meitsje of heksebellen blaze
  • Gruffalo: De Gruffalo, wa kin him net? In foarstelling foar pjutten en beukers
  • Poëzij & oan’t wurk mei Jurjen van der Meer nei poëzij harkje en sels skriuwe
  • Muzyk mei Sander Metz: Sjong en dûnsje mei
  • Boekemerk mei boeken fan Boeken fan Fryslân, De Toverlantaarn en Bruna
  • Smynke: Lit dy smynke as in grizelich mûnsterke
  • Yllustrearje en sa: nivelje en tekenje mei Mirjam van Houten en Janneke de Boer
  • Meet en Greet mei acht berneboekeskriuwers út Fryslân
  • Fielmuorre foar bern dy't doare
  • Reptilen, binne dy grizelich? Sjoch mar by de bisten fan Repticura
  • Fierder? De Kameleonhelden Sytse en Hylke, Tomke, Grizelige Grytsje en Annalies mei poppespul Mathilda

Sjoch foar mear ynformaasje op www.kinderboekendag.nl.