De White Ravens 2017 binne útflein

De White Ravens binne oanbefellings fan de Internationale Jugendbibliothek yn München foar bysûndere boeken út de wrâld fan de ynternasjonale berne- en jeugdliteratuer. Yn de katalogus fan dit jier binne mear as 200 titels opnaam yn mear as fjirtich talen út sechstich lannen. Meielkoar hawwe njoggen Nederlânkstalige boeken en ien Frysktalig boek in White Raven krigen. De ring van koning Salomo (oer in weesjonge dy’t it mystearje oplost oer de ring fan de kening) fan Lida Dykstra út De Knipe en Wês net bang, mar wol foarsichtich (oer de flecht fan Lilan út Syrië) fan Hanneke de Jong út Frjentsjer, steane ûnder oaren op de list. Beide hiele moaie en tige bysûndere jeugdboeken.