Start Berneboeketiid 2017

De Berneboeketiid fan 2017 is begûn. Oant 15 oktober kinne bern op de basisskoallen, yn de berne-opfang  mar ek yn bibleteken lekker grizelje by alle ferhalen dy’t dêr ferteld wurde. Oer it tema Grizeljen binne in hiele soad boeken ferskynd, Heksegrytta fan Hanneke de Jong bygelyks of Tsien lytse hekskes fan Lida Dykstra.

Op 3 oktober is op basisskoalle Op ’e Grins yn Hoarnstersweach ek in hiele moaie poster presintearre mei in grizelich gedicht. Mindert Wijnstra, de skriuwer,  joech de earste eksimplaren oan twa learlingen fan de boppebou, want de poster hat twa kanten. Op de iene kant stiet de Fryske en op de oare kant de Nederlânske tekst fan it gedicht.
Fansels krigen de bern der in spannend ferhaal op ta fan masterferteller Mindert. Babs Wijnstra, dy’t de prachtige yllustraasje foar de rymposter makke hat, soarge foar tekeningen by it ferhaal. De bern harken mei sân pear earen.

Op 4 oktober is op de skoalle fan de Ljouwerter Skoalferiening it Aksjeboek foar Bern yn de Berneboekeiid oanbean. Dat ferhaal slút oan by de tentoanstelling yn it Frysk Museum oer Mata Hari. Lida Dykstra skreau De huodsjes fan Mata Hari. It boek is oant ein oktober ta te keap foar mar € 4,95 by oankeap fan in Frysk berneboek. Dêrnei kostet it € 14,95. De huodsjes fertelle it ferhaal oer it libben fan Mata Hari, de ferneamde dûnseres. Natascha Stenvert makke dêr de bysûndere yllustraasjes by.

Op snein 15 oktober wurdt de Berneboekewike ôfsletten op de Berneboekedei yn Terherne. Tusken 13.00 en 17.00 kinne bern en âlders meidwaan oan of genietsje fan allegear aktiviteiten. De tagong is fergees. Sjoch foar mear ynformaasje op www.kinderboekendag.nl