Rymposter foar de basisskoallen yn de Berneboeketiid

De basisskoallen yn Fryslân krije in kadootsje fan It Fryske Berneboek.
In Rymposter dy’t oanslút by it tema fan de Kinderboekenweek/Berneboeketiid: Grizelje
Omdat dy perioade meikoarten (4 oktober) wer úteinset en de skoallen dit kadootsje dêr grif wol by brûke kinne.  

Yn it ferline waarden ek rymposters makke troch IFBB foar de skoallen. Dat is trettjin kear bard en alle kearen waard wer in oare skriuwer/dichter mei in yllusttrator frege om in gedicht te skriuwen en út te byldzjen nei oanlieding fan it tema fan de Berneboeketiid.
Yn de ôrûne jierren slagge dat net mear mar der bleau op de skoallen in soad fraach nei. IFBB hat middels socht om it dit jier wer foar elkoar te krijen. En dit is it resultaat!

De bekende skriuwer Mindert Wijnstra út Warns hat it gedicht skreaun en dochter Babs Wijstra makke de yllustraasje derby. 

Griezelen. Gruwelijk eng!

Op de iene side fan de poster stiet it gedicht yn it Frysk, op de oare kant itselde, mar dan yn it Nederânsk.
As de poster op in rút plakt wurdt, kinne beide ferzjes besjoen en lêzen wurde..!

 

Grizelje

De stilte fan de nacht,
it kreakjen fan it hûs,
in djippe sucht (hiel sacht),
it piipjen fan in mûs,
it bûnzjen yn myn holle,                                           
dat alles docht my net safolle.

In podde oer de flier,
in haai tichtby it strân,
in wjirm yn it hier,
in slymslak yn ’e hân,
in keutel yn in koer,
ek dêr kin ik wol oer.

It ferskjinjen fan de kattebak,
in dikke spin yn ’t iten,
in stikje skimmelich gebak,
in hûn dy’t sit te skiten,
in deade fisk, in hiele fize,
ik kin der wol om gnize.

In fampier dy’t my bite wol,
In draak, noch lang net sêd,
in heks, in pleaggeast of in toverkol,
in meunster ûnder ’t bêd,
in reus of in kabouterman,
echt wier, dêr grizelje ik net fan.

Mar wat ik wol hiel aaklik fyn,
ik kin der wol fan kotse,
dat is in wiete tút fan tante Tryn,
of drippen út de noas fan omke Hotse.