De huodsjes fan Mata Hari

Aksjeboek foar bern 2017

Yn it ramt fan de Berneboekewike ferskynt op 4 oktober
it Aksjeboek foar bern,
De huodsjes fan Mata-Hari
skreaun troch Lida Dykstra mei yllustraasjes fan Natascha Stenvert.
Fan dy tiid ôf leit it aksjeboek yn de boekwinkels en is it te keap foar mar
€ 4,95 by oankeap fan in Frysk berneboek.
Mata Hari, de eksoatyske dûnseres en spionne dy't yn 1917 troch de Frânsen fusilearre waard, wie by har libben al wrâldferneamd. Hjoeddedei, krekt 100 jier nei har dea, is de ynteresse foar dizze bysûndere frou allinne noch mar grutter.
Hoe kin dat? Wa wie sy eins?
Yn De huodsjes fan Mata-Hari fertelle de huodsjes meiïnoar it libbensferhaal fan har eigneresse.

Breidswale tinkt werom oan de fereale jonge breid dy't mei in hast tweintich jier âldere offisier troude. Reishoed wit hoe't se mei him nei Nederlânsk-Ynje ferhuze en bern krige. Stripperswan fertelt hoe't se furoare makke as eksoatysk dûnseres yn alle grutte stêden fan Europa. Steek-mei-kûgelgat makke mei hoe't se op fertinking fan spionaazje op in dizige moarn yn oktober deasketten waard. En dan is Bernehuodsje der noch. Sy fertelt oer lytse Greetje, it eachappeltsje fan har heit, dy't as in prinseske opgroeide yn in huodde- en pettewinkel op de Kelders yn Ljouwert.
De huodsjes fan Mata-Hari, skreaun troch de faak bekroande berneboekeskriuwster Lida Dykstra, is in ryk yllustrearre sjoch- en lêsboek fol autentike foto's en ansichtkaarten, mar ek mei skitterende nije printen fan yllustrator Natascha Stenvert.
Leeftyd: 10+ 
Nei 31 oktober kostet it boek: € 14,95.

Aktiviteiten by it aksjeboek:

  • Op woansdei 4 oktober wurdt it aksjeboek feestlik presintearre by de Leeuwarder Schoolvereniging.
  • Op sneon 14 oktober 2017, 100 jier nei har dea, iepenet it Fries Museum de grutste Mata-Hari tentoanstelling oait.
  • Op snein 15 oktober is it Kinderboekendag/Berneboekedei yn Terherne. Tusken 13.00 en 17.00 oere binne bern, âlders, pakes en beppes ensfh. wolkom by de ferskate aktiviteiten om berneboeken hinne. De tagong is fergees!
  • Op tiisdei 24 oktober fan 12.00 – 16.00 oere jout Natascha Stenvert yn it Fries Museum in workshop “huodsjes meitsje en fersiere” en Lida Dykstra lêst foar.