Rients Gratama ferstoarn

Rients Gratama wie benammen tige ferneamd as kabaretier en toanielspiler.
Mar hy skreau ek berneboeken yn gearwurking mei syn partner Carla van der Heijde dy't de yllustraasjes makke. Tekst en yllustraasjes folden elkoar prachtich oan.
Yn 1991 ferskynde by De Friese Pers Boekerij: Bisteboel, in boek mei fabels foar bern fan 8 oant 80.
Jierren letter makken Rients en Carla opnij tegearre in boek: Hein en syn hin, dat trijetalich útjûn waard (Frysk, Grinzers en Nederlânsk). Fuort dêrnei folge Pien en har spin, ek trijetalich.

Yn 2014 keas It Fryske Berneboek beide printeboeken as Printeboeken fan it jier yn de Nasjonale Foarlêsdagen.
Skoallen, berne-opfangplakken en bibleteken waarden op 'e hichte brocht. Op de website fan IFBB wie ynformaasje te finen oer de ferhalen, de skriuwer en de yllustratrise en der waarden allegear suggestjes jûn om mei de boeken oan 'e slach te gean.
Op Twadde Peaskedei, de 21ste april fan dat jier, wiene bern en âlders wolkom yn it Natuermuseum yn Ljouwert om te harkjen nei Rients en Carla dy't dêr de ferhalen foarliezen yn it gesellich oanklaaide atrium.

Yn 2016 ferskynde by De Friese Pers Boekerij it tredde en lêste diel yn de rige: It stuoltsje.