Fakânsjekoffer 2017

Noch efkes en it is wer fakânsje. De koffers steane al klear. Ferjit dan net om boeken mei te nimmen. Lekker lêze ûnderweis nei it fakânsje-adres. Of yn de tinte, caravan, camper, it húske ensfh. Is it dreech om in kar te meitsjen? Nim dan de list hjirûnder mar ris troch. Dêr sit grif wat foar jim by.

 

2 - 4 jier

Pykje fjouwer fan Lida Dykstra
Yllustraasjes: Ina Hallemans

Tik tik tik. tik tik tik...
Trije aaien yn it skriezenêst binne al út. Mar it pykje yn it fjirde aai kin de dop net stikken krije. Dêrom wurdt Pykje Fjouwer samar troch syn famylje achterlitten. Fuortdaalk komt er yn de problemen. Gelokkich nimt Kealtsje him mei nei de pleats fan Yfke. Dêr fielt Pykje Fjouwer him al gau thús tusken de oare bisten. Mar as it jier ferstrykt, begjint it by him te kribeljen. Pykje Fjouwer wol fleane. Hiel fier. Miskien wol nei Afrika. Dat fynt Kealtsje net sa'n goed idee. Want sil er syn skriezefreontsje oait noch wol werom sjen?

Pykje Fjouwer is in oade oan it Fryske lânskip. Yn it boek binne greidefûgels, buorkerijbisten, blommen, krûden en ynsekten te finen. Achteryn steane ek noch nijsgjirrige feiten oer de skries: Kening fan 'e Greide. Foar alle bern dy't fan de natuer hâlde en der nóch mear oer witte wolle.
Utjouwerij Afûk. ISBN: 9789492176455

Jip en Janneke yn it Frysk fan Annie M.G. Schmidt
Yllustraasjes: Fiep Westendorp
Oersetting: Ytsje Steen

Alle aventoeren fan diel 1 oant en mei 5 fan de ultime beukerfreontsjes Jip en Janneke binne byinoar brocht yn dit boek. Fan 'Jip en Janneke boartsje tegearre' oant 'Dach Jip, Dach Janneke!" Mei in soad yllustraasjes yn swart-wyt én yn kleur . In moai ynbûn boek fol foarlêswille dat yn gjin inkelde bernekeamer ûntbrekke mei.
Utjouwer: Afûk. ISBN 978 94 92176 38 7

Wapper fan Yke Reeder
Wapper is in fûgel dy't fleanen leare sil. It giet machtich moai, mar al in bytsje oars as oars. Dat hindert neat, want 'wapperjen' is syn talint! Wapper is in poëtysk printeboek, dat geskikt is foar bern oant en mei groep 4. It is yllustrearre en betocht troch Yke Reeder, mei tekstadvys fan Sytse Jansma.
Utjouwerij Afûk yn opdracht fan Tresoar. ISBN: 9789492176387


4 – 8 jier


De Sweltsjerige

wat in ein
fan Jan Schotanus
Yllustraasjes: Linda de Haan
Heit sliept as in baarch. 'Hee! Hee! Wekker wurde. Derút. Mûzen. Mûzen yn de tinte. Wy wolle yn de auto,' sist mem. 'No, famke. Mûskes? Yn de tinte?' 'Derûnder! En gniis net. It is net leuk.'
Wim en Afke wolle graach op fakânsje. Omdat har eigen auto stikken is, hat heit ien hierd, in âlde 'ein'. Heit fynt him prachtich, mar it wurdt wol in hiel oare fakânsje as oare jierren. De camping yn Frankryk helje se, mar dan begjinne de aventoeren...
Sweltsjerige 2017, Ujouwerij AudioFrysk. ISBN 978-94-6038-118-8

beppe hat in aaipet fan Mindert Wijnstra
Yllustraasjes: Babs Wijnstra
'Beppe hat in aaipet,' seit Tom ûnder iten. 'Ja, dat wit ik,' knikt mem. 'Docht se der noch wat mei?' 'Se hat him op 'e holle,' seit Tom.
Tom is graach by beppe. Sy begrypt him better as heit en mem.
Dan wurdt beppe siik. Mar al hoe siik se ek is, tegearre ha se noch wille en fine se treast by elkoar.
Sweltsjerige 2017, Utjouwerij AdioFrysk. ISBN 978-94-6038-116-4

gers op it dak fan Hanneke de Jong
Yllustraasjes: Linda de Haan
'Help!' pipet Joep. 'De hûn wol my bite! Ik sjoch syn tosken!' 'Stel dy net oan,' seit Eef.
'Dit is Hup, ús hûn. Hup is altyd bliid.'
Bauk, de mem fan Eef, sil op Joep passe. Eef helpt har mem sa goed as se kin. Se lit Joep alles sjen. De tún, de bisten. En it dak... Komt dat wol goed?
Sweltsjerige 2017, Utjouwerij: AudioFrysk. ISBN 978-94-6038-117-1

ridder jet fan Lida Dykstra
Yllustraasjes: Maaike van den Akker
Jet skopt om har hinne, mar se sit sa fêst as in hûs. 'Lit my los!' raast se. 'Want oars, want oars...' 'Wat oars?' laket de boef. Ja, dat wit ik ek net, tinkt Jet.
Der driget rûnom gefaar yn it ryk fan prinses Jet. Der rinne boeven om, en ek noch in fjoerspuiende draak. Dêrom ûntsnapt se – oan in lange sjaal – út de toer dêr't se opsletten sit. Alderearst giet se achter twa dieven oan dy't in beurs stellen ha.
Gelokkich kriget se help út ûnferwachte hoeke...
Sweltsjerige 2017, Utjouwerij: AudioFrysk. ISBN 978-94-6038-114-0

boem is ho! fan Anny de Jong
Yllustraasjes: Yke Reeder
In auto nimt de binnenbocht. Hy rekket krekt de karre fan Nynke. Se kypt de steile berm yn.
Har fingers komme tusken de speaken. In tel letter...
In deagewoane groep.
In 'nije' (in opskepperke), in famke yn in rolstoel (mar net silich), in jonkje dat sljocht is op pankoeken, in juf dy't op har jierdei soarget foar in spannende ferrassing en ek noch...
Sweltsjerige 2017, Utjouwerij AdioFrysk. ISBN:978-94-6038-115-7

de toverangel fan ate fan Jurjen van der Meer
Yllustraasjes: Maaike van den Akker
Ate sjocht frjemd op. In toverangel út in toverbeam? Dêr hat hy noch noait fan heard. Angels lizze yn 'e winkel. Se groeie dochs net oan in beam?
As der in fiskwedstriid holden wurdt, wol Ate ek meidwaan. Mar hy hat gjin angel. Dêr wit pake Jan wol wat op. Hy makket foar Ate in toverangel. In toverangel mei trije bledsjes. En dy bledsjes binne hiel spesjaal...
De toverangel fan Ate: ek geskikt foar bern dy't graach bûten boartsje.
Sweltsjerige 2017, Utjouwerij Audiofrysk. ISBN 97860381195

Mar ferjite ek net:

Tije fan Mirjam van Houten
Tije mei graach bûten by de buorlju op de pleats boartsje. Mar no moat er ferhúzje nei de stêd en dêr sjocht er bot tsjinoan. Soed er dêr wol freonen krije? En hoe soe it op skoalle gean?
Yn ʾe stêd krijt Tije in hiel bysûndere freon, mar oft dat helpt...
In boek foar bern fan7 – 9 jier oer in plakje fine yn in nije omjouwing.
Mei prachtige yllustraasjes fan de skriuwster sels.
Utjouwerij Afûk. ISBN : 9789492176271

 
8 – 12 jier

Renske wol stoer wêze fan Paul van Dijk
Renske is krekt ferhuze. It slagget har mar net om freonen te meitsjen. Pake Marius jout rie.
Mar kin Renske eins wol wat mei dy rare advizen fan pake? En wat hat dat mysterieuze boek der mei te krijen?

In spannend berneboek fan multytalint Paul van Dijk. Hy fersoarge ek de yllustraasjes en is teatermakker by "Knûkel"; eigenwiis teater mei poppen ([url">http://www.knukel.nl/). De teaterfoarstelling Renske wol stoer wêze stie oan de basis fan it boek.
Utjouwerij Afûk. ISBN: 978 90 6273 882 3

Wenje yn in skilderij fan Lida Dykstra mei prachtige yllustraasjes
Laurence is de dochter fan de skilder Lawrence Alma-Tadema (1836-1912). Se wennet mei har âlden, suske Anna, juf, it personiel en de hûn Brio yn in grut en bysûnder hûs yn Londen en fertelt yn dit boek hoe't it is om de dochter fan in ferneamde keunstner te wezen.
Lida Dykstra skriuwt oer it húslike libben yn it gesin fan Alma Tadema fanút it perspektyf fan ien fan syn dochters. It hûs is prachtich, de ûnderlinge bannen yn de famylje binne waarm en leafdefol en de bern krije thús harren ûnderrjocht. In paradys in meardere opsichten, dêr't de bern net maklik út falle sille.
Utjouwerij Wijdemeer. ISBN: 9789492052254

Kening fan Katoaren fan Jan Terlouw
Oersetting Ytsje Steen-Buwalda
De fleurige âlde kening fan it goede lân Katoaren is ferstoarn; seis soere ministers beweare dat se in nije kening sykje - mar der bart neat. Dan giet de santjinjierrige Stach nei de ministers ta en freget wat je dwaan moatte om kening fan Katoaren te wurden. De ministers binne razend en jouwe himsân hast net út te fieren opdrachten. Mei sûn ferstân, tûkens en moed wit er se alle sân te folbringen en dêrmei makket er Katoaren ta in leefber lân.

Kening fan Katoaren is in fleurich en spannend boek - mar it hat in dûbele boaiem. Want wa't goed lêst sil ûntdekke dat de problemen dêr't Stach foar komt te stean, in hiel soad lykje op it lawaai fan strielfleantugen, de reek fan yndustrygebieten en oare dingen dy't ús lân minder leefber meitsje.
Utjouwerij Elikser. ISBN: 9789089542373


Jeugdboeken


De deikoersen fan Remco fan Bart Kingma

Remco Heeringa (14) wol profesjoneel hurdfytser wurde. Hy hat it talint, hy hâldt fan trainen en is hartstikke serieus yn de sport. Mar dan gebeurt der slim ûngelok en liket Remco's dream yn reek op te gean.
Wat moat hy no? Hurd wurkje om wer hielendal better te wurden, hoopje dat it wer hielendal goed komme kin? Of is it better om net mear te tinken oan de fyts en him te rjochtsjen op skoalle en in gewoan libben? Dat is de fraach dêr't Remco foar komt te stean.
Utjouwerij Afûk. ISBN: 978 94 92176 14 1

Slangen ûnder it bêd fan Hilda Talsma
Spannende jeugdroman oer in aventoer mei de klasse yn Amsterdam en in reis nei Suriname, op syk nei in Piipster skûtsje
Marte en Rienk geane mei de klasse nei Amsterdam. As Marte op in jûn by in knappe jonge út har jeugdherberch sitten giet ynstee fan by har freonen, hat er gjin goede bedoelings mei har. De jonge en syn maat nimme Marte mei, mar litte har efter as se neat mei har wurde kinne. Rienk fljocht him út 'e naad om har werom te finen en sa komme se yn 'e kunde mei Justine en har soannen. Yn in foto-album by Justine thús sjocht Rienk ta syn fernuvering in foto fan in echt Piipster skûtsje. Dat liedt ta in ferrassende reis nei Justine har bertelân, Suriname.
Utjouwerij Elikser. ISBN: 9789089549624

Dy iene foto fan ferskate skriuwers
Nije ferhalen foar de jeugd fan 12-16 jier.
Der is in ferhaal fan Auck Peanstra oer in muzykfestival, mar ek ien fan Rixt Weiland oer in spesjale ynwijing yn de leafde. De freondinne fan Jesse yn it ferhaal mei deselde namme fan Ate Grypstra sjocht werom op it ferskriklike rotjier, neidat hy foar de safolste kear oerboard sprong. It titelferhaal fan Jelle Bangma giet oer Gert, dy't fan syn pake it fotografearjen leart en mear fêstleit as wat de bedoeling is. Fierder binne der in pear werkenbere ferhalen oer de wrâld fan hjoeddeiske jongeren, fan Caja Cazemier, Freddie Scheltema, Hilda Talsma en Ans Wallinga. Yn De Bildtske Robinson Crusoë krûpt Hein Jaap Hilarides yn de hûd fan Jan Cornelisz Femmes, dy't yn1610 foar in weddenskip in jier op it Waad sit. Rjochtdei fan Gerrit Hoekstra giet oer bisten dy't de minsken foar it gerjocht bringe.
Utjouwerij Elikser yn opdracht fan Tresoar. ISBN: 9789089547781