Lida Dykstra skriuwt Aksjeboek foar bern 2017

In bysûnder aksjeboek dit jier. Oer de ferneamde eksoatyske dûnseres Mata Hari.
Lida Dykstra skriuwt it ferhaal, wêryn't it libben fan de yn Ljouwert as Margaretha Geertruida Zelle berne dûnseres sintraal stiet, foar de boppebou fan de basisskoalle. It wurdt in ryk yllustrearre sjochboek. De yllustraasjes wurde makke troch Natascha Stenvert.
Yn oktober is it 100 jier lyn dat Mata Hari op fertinking fan spionaazje yn Frankryk fusillearre waard.
It aksjeboek ferskynt begjin oktober, by Wijdemeer Ljouwert, yn it ramt fan de Berneboekwike. By oankeap fan in Frysk berneboek, is it yn dy perioade foar de spesjale priis fan € 4,95 te keap.
Fan 14 oktober ôf is ek de tentoanstelling oer Mata Hari yn it Frysk museum te sjen. Dy duorret oant 2 april 2018.