Astrid Lindgrenpriis foar Wolf Erlbruch

Wolf Erlbruch,
de yllustrator fan ûnder oaren: Fan de lytse mol dy’t witte wol wa’t him op ‘e kop skiten hat en it moaie bondeltsje mei leafdesgedichten, bewurke troch Baukje Wytsma:
Ik ek fan dy
hat de Astrid Lindgrenpriis wûn.

De priis waard yn 2003 ynsteld troch de Sweedske oerheid as earbetoan oan de skriuwster Astrid Lindgren (bekend fan de Pippi Langkousboeken, Ronja de Rôversdochter, De gebroeders Leeuwenhart ensfh.).
De priis wurdt jierliks útrikt en bestiet út in bedrach fan 5 miljoen Sweedske kroanen, omrekkene € 592.500.

De Astrid Lindgrenpriis wurdt útrikt oan skriuwers, yllustratoaren, fertellers en/of promotors fan lêzen, waans wurk te fergelykjen falt mei dat fan Astrid Lindgren. De priis hat as doel de ynteresse fan bern yn literatuer te fergrutsjen en it rjocht fan bern op tagong ta kultuer wrâldwiid oan te priizgjen.

De priis wurdt beheard troch de Sweedske Keunstrie. Yn tsjinstelling ta in soad oare literatuerprizen, wurdt de Astrid Lindgrenpriis allinne finansearre fia in fûns fan de oerheid.