'Wapper' en 'Het meisje met de rode paraplu' sille op reis nei Bratislava

Yn de hjerst fan 2017 wurdt de 26ste edysje fan de Biënnale fan Bratislava (Slovakije) organisearre. Dizze ynternasjonale yllustratoaretentoanstelling is fan septimber oant oktober te sjen yn Bibiana, it Ynternasjonale Hûs foar Keunst foar Bern yn Bratislava. Op de Biënnale wurdt ek de prestisjeuse Grutte Priis BIB útrikt, tagelyk mei fiif Gouden Appels en fiif Medaljes foar de bêste yllustraasjes út de tentoanstelling.

IBBY-Nederlân fersoarget, yn gearwurking mei it 'Nederlands Letterenfonds', de Nederlânske seleksje foar de ynstjoering fan orizjineel wurk fan maksimaal tsien Nederlânske yllustratoaren. Yllustratoaren kinne dus net yndividueel foar dizze tentoanstelling wurk ynstjoere.

De seleksjekommisje hat stapels boeken troch de hannen hân en nei lang oerlis is in seleksje fan mar leafst fyftjin boeken makke dy’t ynstjoerd wurde sille foar de tentoanstelling. En dêr sitte ek twa fan Fryske útjouwers by. Yke Reeder makke de yllustraasjes foar it Frysk printeboek fan it Jier 2016, Wapper (Tresoar/Afûk, Ljouwert) en Roelof van der Schans foar, Het meisje met de rode paraplu (Aed Levwerd/Wijdemeer, Ljouwert).
En no mar ôfwachtsje oft de ynternasjonale sjuery yn septimber Yke en/of Roelof bliid meitsje sil mei in bekroaning.

 De boeken dy’t foar de prizen selektearre binne:

  • Henriette Boerendans, Daar buiten slaapt een aap (útj. Gottmer)
  • Irene Goede, Erop of eronder (tekst: Anne Pek) (útj. Gottmer)
  • Annemarie van Haeringen, De parkiet, de zeemeermin en de slak (útj. Leopold)
  • Alice Hoogstad, Mijn oma is een ooievaar (útj. Lemniscaat)
  • Philip Hopman, Hubert de Givenchy (útj. Leopold)
  • Yvonne Jagtenberg, Links of rechts? (útj. Rubenstein)
  • Martijn van der Linden, Tangramkat (tekst: Maranke Rinck) (útj. Lemniscaat)
  • Merlijne Marell, Schobbejacques en de 7 geiten (útj. Loopvis)
  • Yke Reeder, Wapper (tekst: Sytse Jansma) (útj. Afûk, Ljouwert)
  • Roelof van der Schans, Het meisje met de rode paraplu (tekst: ferskate auteurs, û.o. Lida Dykstra en Mindert Wijnstra) (útj. Wijdemeer & Aed Levwerd, Ljouwert)
  • Ingrid & Dieter Schubert, Opvrolijkvogeltje (tekst: Edward van de Vendel) (útj. Lemniscaat)
  • Thé Tjong-Khing, Kunst met taart (útj. Lannoo)
  • Ludwig Volbeda, De vogels (tekst: Ted van Lieshout) (útj. Leopold)
  • Sylvia Weve, Arme rijk (tekst: Bette Westera) (útj. Gottmer)
  • Arnoud Wierstra,Babel (útj. Gottmer)