Nasjonale Pankoekdei 2017

Wat in moai pankoekfeest yn Koarnjum. Bern út groep 3 fan De Swirrel út Britsum hiene harren pakes en beppes op freed 24 maart meinaam foar in speurtocht troch it park fan Martenastate. Wylst it sintsje hearlik skynde, folgen se it spoar fan Mûske fan Martena. Dat mûske, út it boekje fan Joke Scheffer, gong op de geur fan pankoeken ôf en kaam ûnderweis allegear stinzeplanten tsjin.

De bern fûnen, mei help fan de pakes en beppes, by dy planten printsjes en letters dêr’t se de nammen fan de stinzeplanten fan lizze koene. Dat diene se yn de Túnmanswente en dêr stie ek in hiele steapel pankoeken foar harren klear. Dy smakken jong en âld tige goed. Se hiene ûnder it spoarsykjen wol sin oan in lekker hapke krigen.
Foldien gongen se letter wer werom nei skoalle ta mei as ferrassing it boekje oer Mûske fan Martena der op ta.