Pykje Fjouwer

De greidefûgels binne wer aktyf. Rûnom wurde aaien fûn dy't de aaisikers fansels moai yn it nêst lizze litte. Ek skries Amalia is út Afrika wei weromflein nei Fryslân.
In protte skoalbern, dy't meidogge oan it projekt Greidhoeke goed onderwijs, folgen de reis fan dizze Kening fan de Greide.
Dêr slút it nije boek fan Lida Dykstra mei yllustraasjes fan Ina Hallemans,
Pykje Fjouwer,
prachtich by oan.

Pykje Fjouwer is in oade oan it Fryske lânskip. Yn it boek binne greidefûgels, buorkerijbisten, blommen, krûden en ynsekten te finen. Achteryn steane ek nochris nijsgjirrige feiten oer de skries; Kening fan 'e Greide. Foar alle bern dy’t fan de natuer hâlde en der nóch mear oer witte wolle.
Sjoch foar mear ynformaasje en de ynhâld fan it boek by it menu Fryske berneboeken. De Nederlânske ferzje hat as titel: Kuikentje Vier.