De ring van koning Salomo nominearre foar de Woutertje Pieterseprijs 2017

Lida Dykstra, skriuwster fan Fryske en Nederlânske berne- en jeugdboeken, is ien fan de nominearren foar de Woutertje Pieterseprijs 2017.
De sjuery, ûnder foarsitterskip fan Noraly Beyer, moat foar de priis in kar meitsje út it maksimale oantal fan seis titels:

  • Aap, beer, zebra fan Bette Westera en Henriette Boerendans
  • Het grootste en leukste beeldwoordenboek ter wereld fan Tom Schamp
  • Hoe Tortot zijn vissenhart verloor fan Benny Lindelauf en Ludwig Volbeda
  • Een ochtend vroeg in de zomer fan Toon Tellegen en Sylvia Weve
  • Stella fan Gerda Dendooven
  • De ring van Koning Salomo fan Lida Dykstra en Martijn van der Linden

Der is keazen foar boeken mei in universele en tiidleaze wearde, dêr’t tekst en byld elkoar op in bysûndere wize yn fersterkje. De winner wurdt bekendmakke by de priisútrikking op sneon 8 april 2017 yn it Flaamsk Kultuerhûs De Brakke Grond yn Amsterdam.

Yn De ring van koning Salomo hat Lida Dykstra it ferhaal oer de legindaryske kening Salomo neiferteld foar bern. De prachtige yllustraasjes binne fan Martijn van der Linden.
De skriuwster hat earder mei Verhalen voor de vossenbroertjes al ris in Vlag en Wimpel wûn en in earfolle fermelding by de Woutertje Pieterse Prijs. Boppedat hat se twa kear de Simke Kloostermanpriis krigen foar Mûske myn famke en Lederwyntsje, bern mei krêften. De Simke Kloostermanpriis wurdt ien kear yn de trije jier útrikt foar it bêste Fryske berneboek.

Oer it boek
Kening Salomo is in wize, âlde kening. Mei syn magyske ring kin hy mei demoanen en ingels prate. As op in dei syn ring ferdwynt, docht de kening hiel frjemd. Wat is der oan ’e hân? In weesjonge, dy’t yn it paleis wurket, wit it mystearje sa stadichoan te ûntriedseljen...
Geskikt foar bern fan 8 jier ôf.
Sjoch foar in resinsje by www.kinderboekenpraatjes.nl.

De Woutertje Pieterse Prijs wurdt, al sûnt 1988, jierliks útrikt foar it bêste Nederlânsktalige jeugd- of berneboek. De priis bestiet út in oarkonde en in bedrach fan € 15000,-.