Tsjilp!

Yn Aldemardum is de bondel Tsjilp! presintearre, in boek mei 25 fûgelgedichten foar grutte en lytse protters.
De gedichten binne skreaun troch Eppie Dam. Lienke Boot fersoarge de yllustraasjes (lino's).
It boek is ferskynd by útjouwerij De Ryp yn Blauhûs.

Byldzjend keunstner Gerrit Terpstra hat Lienke Boot it ien en oar leard oer byldtechniken en dan benammen oer it wurkjen mei linoleum. Dêrom wie it earste eksimplaar ek foar Terpstra.
Gerrit Terpstra hat earder wol gearwurke mei Eppie Dam.
Se makken bygelyks de berneboeken: Fjouwer dappere mûskes, Dingeman krijt wjukken, Mezen meitsje dochs gjin rúzje?

Yn besikerssintrum Mar en Klif yn Aldemardum binne de orizjinele lino’s fan Lienke Boot te bewûnderjen mei de gedichten fan Eppie Dam derby.
Op 20 en 22 febrewaris (yn de krokusfakânsje) jout Lienke dêr tusken 14.00 en 16.00 oere in wurkwinkel foar bern. It tema is it snijen fan fûgels út linoleum.
De gedichten binne geskikt foar lêzers fan 8 oant 88. It boek leit yn de boekhannel foar € 12,00.