Skelte op syn skelter nei de Túnmanswente

Yn it ramt fan de Nasjonale Foarlêsdagen kamen de beukers fan basisskoalle De Swirrel yn Britsum op moandei 13 febrewaris op besite yn de Túnmanswente by Martenastate yn Koarnjum.
Meielkoar in broadsje ite en dan nei in ferhaal harkje, dêr hiene de bern wol sin oan dy moarns.

Broadsjes, brún, wyt en mei resinen en bakken stiene klear op ’e tafel. Lekker mei sjem of hagelslach. Bakkersfrou Aaltsje de Groot út Stiens lies it ferhaal foar út it Frysk Printeboek fan it Jier, Skelte wol in skelter. Mar doe hiene de bern de broadsjes al op en sieten se smûk om de fertelster hinne.
De skriuwster fan it ferhaal, Joke Scheffer, wie der ek. Joke hie allegear materiaal meinaam. Want it wie de bedoeling dat de bern letter sels ek noch oan ’e slach soene.

Op in grut skildersdoek mochten de bern it fokske Skelte tamponearje. Mar der koene ek fokskes makke wurde fan papier en rôltsjes. Fierder leine ferskate kleurplaten klear dy’t kleure en fersierd wurde mochten. Efkes lekker op ’e grûn mei blokken of grutte lego bouwe koe ek. De bern diene tige harren bêst en de resultaten mochten der wêze.
Bûten skynde de sinne. Dêrom wie it hearlik om, fansels wol om bar, dêr in rûntsje te skelterriden.
Tuskentroch stie noch in lekker gleske ranja klear mei in prachtich fersierd keekje. ‘Smikkelje en smûzje’, soe Skelte wol sizze. Foar’t de bern wer nei skoalle ta giene koe juf noch krekt efkes in kuier mei harren meitsje troch it park fan Martenastate.

Op skoalle wie der foar alle beukers in spesjale Skelterboekebon. Want om 17.00 oere stiene der yn de Túnmanswente net allinne lekkere hapkes en drankjes klear foar de bern en harren âlders, foar alle beukers wie der ek in eksimplaar fan it boek Skelte wol in skelter. Boppedat lies Joke Scheffer it ferhaal nochris foar mei help fan it fertelkastke en hiene de âlders de gelegenheid om de keunstwurkjes fan de bern te bewûnderjen. Dy wurkjes hiene in prachtich plakje krigen tusken de yllustraasjes fan Anna Sikkes út it boek. Dy hingje op it heden allegear yn de Túnmanswente.
In prachtich slot fan de Nasjonale Foarlêsdagen foar de beukers fan De Swirrel.