Harmonie Weidum lit bern yn ’e kunde komme mei muzyk én ynteraktyf teater!

In Frysktalige, muzikale poppefoarstelling; dát is Rôversguod. De poppefoarstelling is geskikt foar bern yn de basisskoalleleeftyd mar sil de folwoeksen begelieders sûnder mis ek oansprekke. It script fan Tjerk Kooistra is basearre op it nije berneboek Rôversguod fan Janneke de Boer en nimt jong en âld mei yn it aventoer fan Fekke en syn roeken.
It jeugdige B-orkest fan muzykferiening Harmonie Weidum spilet dêr muzyk by dy’t spesjaal komponearre is troch Ria Fennema en bringt sa, mei de ferteller en de prachtige poppen, it publyk op ’e smaak.

Oer it ferhaal:
Kakarafrrr, Kakarafrrr... Mei it swit op ‘e holle sjit ik oerein. Wêr bin ik? Wat is it tsjuster. Myn hannen sykje yn ‘e djipswarte leechte om in werkenningspunt.
Fekke wit net wat er meimakket as er op Fjildster Utbuorren ûntdekt dat ien fan de swarte roeken op ’t hiem prate kin. De stammerjende (in ferfelend kwaaltsje dêr’t er al sûnt it ferstjerren fan mem lêst fan hat) jonge wegeret de fûgel op syn wurd te leauwen en set it bist stikem efternei de bosk yn.

Leeuwarder Courant: "Nieuw boek, nieuwe poppen, nieuwe muziek: Weidum is dol op primeurs. De jeugd van muziekvereniging Harmonie presenteert voor het eerst een eigen voorstelling: Rôversguod."

Friesch Dagblad: "Het jeugdorkest van fanfare Harmonie Weidum trekt er de komende tijd op uit met een Friestalige poppenvoorstelling. Rôversguod is een muzikale show voor en door kinderen."

De foarstelling is yn febrewaris te sjen yn it doarpshûs fan Weidum:
op 11 febrewaris om 13:30 oere
op 11 febrewaris om 20:00 oere
op 12 febrewaris om 15:00 oere