De Skoalskriuwers fan 2017 yn Fryslân

Fan 23 jannewaris ôf binne de allerbêste Nederlânske en Fryske berneboekeskriuwers in heal skoaljier lang as Skoalskriuwer oan ’e slach gien op fyftich ferskillende basisskoallen. Dat dogge se om te helpen de kwaliteit fan it lêzen en skriuwen yn it Nederlânsk en it Frysk te befoarderjen. De Skoalskriuwers komme dit jier by mear as 10.000 bern. Ek âlders en learkrêften wurde by de aktiviteiten belutsen.

Yn Fryslân binne seis Skoalskriuwers aktyf op 10 ferskillende skoallen: Hanneke de Jong, Janny van der Molen, Kate Schlingemann, Lida Dykstra, Linda de Haan en Tialda Hoogeveen.
Lês hjirûnder op hokker skoallen se komme en wêrom't se as Skoalskriuwer sok moai en wichtich wurk dogge.

 

Berne- en jeugdboekeskriuwster Hanneke de Jong is as Skoalskriuwer op De Finne yn Warten en op De Oanrin yn Twizel. 
It Frysk is de taal dêr’t ik lêzen en skriuwen yn leard ha, dêr’t ik yn tink en dream, dat is de taal fan myn gefoel. It is hiel handich ast twa talen ta dyn foldwaan hast. Soms wit ik in wurd net yn it Frysk mar wol yn it Nederlânsk, soms is it oarsom. Dan wurdt it my yn de oare taal dúdlik wat ik eins bedoel.

Berne- en jeugdboekeskriuwster Janny van der Molen is Skoalskriuwster op De Welle yn Burdaard en op de Teake Jan Roordaskoalle, yn Wytgaard flakby Ljouwert. 
Meielkoar lêze en skriuwe is noch folle leuker as allinne! En dat is krekt wat we meielkoar dwaan sille. Ferhalen lêze, ferhalen betinke, ferhalen opskriuwe. It is fijn om alle tiid te hawwen om mei de bern nei te tinken oer wêr’t in ferhaal oer giet, oer hoe’t der tovere wurdt mei wurden en we eksperimintearje sels ek mei tekst.

Berneboekeskriuwster Kate Schlingemann is Skoalskriuwster op de Ljouwerter Montessoriskoalle en op De Sevenaerskoalle, de ienige skoalle foar Alde- en Nijehoarne.  
It skynt dat Mozart ea sein hat: ‘Alle muzyk is der al, ik hoech it allinne mar op te skriuwen’. Ik sis: ‘Alle ferhalen binne der al, je hoege se allinne mar op te skriuwen’. Sjen is de earste stap. Sjen is lêze. Skriuwe is fertale, betsjutting jaan. Mei taal makkest yn dyn ferbylding in wrâld om dy hinne, makkest him begrypliker. De ferhalen binne der al, en se sitte yn alle bern.

Jeugd- en berneboekeskriuwster Lida Dijkstra is Skoalskriuwster op De Lichtbron yn Bûtenpost.
Faak betinke we mei de hiele klasse omkearwurden, rymkes of in ferhaal. Want jonge minsken sitte smoarfol fantasy en ideeën. Ik wurd steefêst ferrast troch skriuwers en (strip)tekeners yn 'e dop. Fijn dat ik meihelpe kin om dat talint út te djipjen. En net allinne dat fan de ‘lêzerkes’, mar ek fan dat jonkje dat oan it begjin lilk mei syn rêch nei my ta siet, om’t er leaver nei bûten ta woe.

Berneboekeskriuwster en yllustratrise Linda de Haan is Skoalskriuwster op  Ald East tichteby it sintrum fan Ljouwert en op De Kompanjonskoalle op ’e Knipe.
It is in grutte ear om skoalskriuwer te wêzen!
Mei syn allen harkje, lêze, tekenje en skriuwe; in soarte fan dreamen mei de eagen iepen. Mei de klasse ûntdekke hokker aventoeren der yn boeken, gedichten en tekeningen sitte; hearlik fyn ik dat. Skriuwers binne ‘boekebakkers’, se boartsje en puzzelje mei yngrediïnten. It is leuk om te ûntdekken en te priuwen hokker smaken der allegear binne, pittich, bitter of swiet, we sykje krekt sa lang oant elk in hearlik boek fûn hat. En wa wit... miskien smakket it nei mear!

Berneboekeskriuwster Tialda Hoogeveen is Skoalskriuwster op De Claercamp yn Gerkeskleaster.
Sadree’t ik lêze en skriuwe koe, die ik neat oars as boekjes, brieven en deiboeken meitsje en de biblioteek leechplunderje. Lêzen makke myn wrâld grutter. It brocht my op plakken dêr’t ik oars noait komme soe. Nei Pompeï, in glêzen lift yn ’e loft of yn in bisteliif. De persoanen yn de boeken joegen my wurden foar wat ik fielde en belibbe. Gefoelens lykas ûnseker wêze of eangst ha bygelyks. Of se diene krekt dingen dy’t ik sels noait doare soe, mar stikem wol wolle soe. As Skoalskriuwer wol ik bern dizze rykdom fan taal en ferhaal meijaan.