Fryske ferhalewedstriid

Foar senioaren èn junioaren
De jierlikse Fryske ferhalewedstriid fan It Skriuwersboun, Friesch Dagblad en Cedin hat dizze kear Gjin Styl as tema. It ûnderwerp hat te krijen mei it feit dat 100 jier lyn de Nederlânske keunstbeweging De Stijl oprjochte is. De ferhalewedstriid wurdt dit jier foar de fyfde kear hâlden.
Fan de ynstjoerders wurdt in ferhaal fan maksimaal 775 wurden ferwachte. De deadline is 15 maart. De prizen wurde op 9 maaie útrikt yn Museum Drachten.

 

Priis
De talen dêr't de bydragen yn skreaun wurde meie, binne de streektalen fan Fryslân, dat wol sizze neist Frysk bygelyks ek it Biltsk, Stellingwerfsk, Skiermuontseagersk of it Snekers – eins alles útsein it Nederlânsk.
De bêste trije ferhalen fan beide skiften, de junior- en seniorwinners (boppe de 18 jier), wurde beleanne mei in jildpriis en publisearre yn it Friesch Dagblad. Ut de beide winners fan de twa kategoryen kiest de sjuery boppedat it bêste ferhaal. Dat ferhaal wurdt neist de jildpriis, honorearre mei in yllustraasje, makke troch in byldzjend keunstner.
Sjoch foar mear ynformaasje op www.omropfryslân.nl.