Wês net bang (mar wol foarsichtich)

LêsNo fan start mei nij boek Wês net bang (mar wol foarsichtich) en searje Bosk

Mear as 4000 learlingen út 147 klassen fan 31 skoallen, sille fan 10 jannewaris ôf seis wiken oan ‘e slach mei LêsNo, in lêsbefoarderingsprojekt foar jongeren yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis.

Fan ’t jier bestiet it LêsNo projekt út de dramasearje Bosk, it boek Wês net bang (mar wol foarsichtich), in audio- en meilêsferzje fan it boek en in lesbrief passend by it boek en de searje. Doel fan it projekt is het fergrutsjen fan de lêswille by de doelgroep. It is de tredde edysje fan LêsNo. It projekt is in gearwurking fan Bibliotheekservice Fryslân, Cedin, Afûk, Omrop Fryslân en Tresoar.

Start fan it projekt
By de start fan it projekt op 10 jannewaris wiene sa’n 150 learlingen fan it Bornego Kolleezje út It Hearrenfean oanwêzich. Ek Halbe Piter Claus, regisseur fan de searje en Hanneke de Jong, skriuwster fan it boek, wiene derby. Hanneke de Jong hat it earste eksimplaar fan it boek oan Lilan, de haadpersoan út it ferhaal, oanbean. Fansels wie ek in part fan de searje Bosk te sjen. De start fan it projekt wie foar in grut part ynteraktyf mei live muzyk en stie yn it tema fan flechtsjen.

Oer: Wês net bang (mar wol foarsichtich), skreaun troch Hanneke de Jong
It boek Wês net bang fertelt it wier barde ferhaal fan de santjinjierrige Lilan. Fanwege de oarloch yn har bertelân Syrië, lit Lilan alles achter en besiket se nei Nederlân te kommen. Har reis as flechtling is net sûnder gefaar. As de dan ek noch har rêchsek en jild ferliest, wurdt it wol hiel dreech om de reis fol te hâlden. Binne der minsken dy't har helpe wolle? Sil se Nederlân berikke? En fynt se har famylje werom?

Foar bern fan 12 jier en âlder
It boek is spesjaal foar it LêsNo projekt skreaun.