Nasjonale Foarlêsdagen 2017





Skelte wol in skelter
is it Frysk printeboek fan it jier 2017 yn de Nasjonale Foarlêsdagen. In oarspronklik Frysk berneboek, mei in boartlike  tekst fan Joke Scheffer en fleurige yllustraasjes fan Anna Sikkes.

Foarlêze is tige wichtich. Dêrom wurde alle jierren, ein jannewaris/begjin febrewaris, spesjaal foar jonge bern de Nasjonale Foarlêsdagen organisearre.
Dy dagen hawwe as doel it foarlêzen oan bern, dy’t sels noch net lêze kinne, te befoarderjen.
Rûnom yn it lân wurde aktiviteiten oerganisearre om it foarlêzen hinne. Faak begjint de perioade mei in foarlêsbrochje. Mar der wurdt fierder ek fan alles betocht.

Wolle jim ek mei it Frysk printeboek fan it jier oan 'e slach? Sjoch foar tips by it menu Nasjonale foarlêsdagen. Bysûnder is dat de poëzijwike ek noch yn deselde perioade falt. Sa kinne ferhalen, gedichten en ferskes allegear oan bod komme.

Oer it boek
It ferhaal giet oer Skelte dy’t him ferfeelt. Mar hy betinkt wat: hy wol graach in skelter ha. Dat liket him it moaiste dat der is. Hy wol it leafst de hiele dei op in skelter omride. Allinne syn âlders fine it net sa’n goed plan. Want stel je foar dat er samar tsjin de auto fan buorman Bouke oanrydt of troch de blommen fan buorfrou Romkje hinne jaget. Kriget Skelte it foarelkoar? Miskien ris by pake oanklopje?

By it boek is ek in lesbrief. Sjoch by it menu Nasjonale foarlêsdagen: Ferwurkingstips en doch ynspiraasje op.