In White Raven foar Het meisje met de rode paraplu

De White Ravens binne oanbefellings fan de ‘Internationale Jugendbibliothek’ yn München foar bysûndere boeken út de wrâld fan de Ynternasjonale berne- en jeugdliteratuer. Yn de katalogus fan dit jier binne 200 titels opnaam yn 42 talen út 60 lannen. Yn totaal ha njoggen Nederlânstalige boeken en ien Frystalich boek in White Raven krigen. It Frysk/Nederlânske boek is:

Het meisje met de rode paraplu
In ferhalebondel fan de skriuwers
Edward van de Vendel, Harm de Jonge, Marian De Smet, Mindert Wijnstra en Lida Dykstra.
De yllustraasjes binne fan Roelof van der Schans.
It boek is útjûn troch Wijdemeer, Ljouwert.

Fan 18 oktober ôf binne de koarte annotaasjes fan de boeken te finen yn de database White Ravens 2016 op de website fan de ‘Internationale Jugendbibliothek’ (www.ijb.de). Ek is der in printe katalogus ferskynd (op de boekebeurs yn Frankfurt).

Op de berneboekebeurs yn Bologna yn 2017 wurde alle twahûndert boeken tentoansteld en dêrnei binne se as reizgjende tentoanstelling op oare plakken op ’e wrâld te sjen.

De kolleksje fan de ‘Internationale Jugendbibliothek’ wurdt yn stân holden mei meiwurking fan de útjouwers, dy’t fan alle nij útkommen boeken in eksimplaar beskikber stelle.