Prizen Rely en Junior Rely 2016 útrikt (03-10-2016)

Under grutte publike belangstelling, hat boargemaster Johanneke Liemburg fan Littenseradiel op sneontemiddei 1 oktober de prizen útrikt oan de winners fan de Rely en Junior Rely 2016 yn it doarpshûs fan Weidum. De organisaasje fan de middei lei yn hannen fan Studio Smids.

Priiswinners Junior Rely

Poëzij

  • In gedicht oer in tún, fan Tjitske van der Meer, Mantgum. Earste priis.
  • Grutte mem, fan Bo de Haan, Kollumersweach. Twadde priis.
  • Maitiid, fan Laura Mulder, Siegerswâld. Tredde priis.

Proaza

  • De wat nuvere tsjoendersfluit, fan Beitske Nieboer, Snits. Earste priis.

De sjuery
De sjuery bestie út Erica Bergema, Thys Wadman en jeugdsjuerylid Anneke van der Werf.
It totale bedrach oan prizejild dat ûnder de winners fan de Junior Rely ferparten is bedraacht € 500,--.