Kinderboekenweek

Op basisskoallen rûnom yn Fryslân stiet yn de perioade tusken 5 en 16 oktober it lêzen sintraal.
Pake en beppe; foar altyd jong, is it tema fan de Kinderboekenweek 2016.
Der sille grif pakes en beppes ynskeakele wurde om op skoallen foar te lêzen of te fertellen, mar dat bart fansels by de bern thús ek al in soad.  

Yn de boekhannel lizze ferskate (nije) berneboeken dy’t oanslute by it tema. En by oankeap fan in boek is it Berneboekewikegeskink der op ta. Dolf Verroen is de skriuwer fan it geskink, Oorlog en Vriendschap en Charlotte Dematons makke de yllustraasjes.
Pakes en beppes: gau nei de boekwinkel!

 

De Kinderboekenweek hat yn Terherne in prachtige ôfsluting mei de Berneboekedei.
Dêr is op snein 16 oktober foar lyts en grut in soad te sjen, te dwaan en mei te meitsjen en alles hat te krijen mei berneboeken. De tagong is fergees dus, net stinne, mar hinne!
Sjoch foar mear ynformaasje op www.kinderboekendag.nl.