Berneboekedei Terherne 2016

Op de lêste dei fan de ‘Kinderboekenweek’, op 16 oktober is yn Terherne wer fan alles te dwaan op de Berneboekedei.
Der falt hiel wat te sjen en mei te meitsjen nei oanlieding fan it tema fan dit jier: Pakes en beppes, foar altyd jong.
Bern, heiten, memmen, pakes, beppes, omkes, muoikes ensfh. kinne fan 13.00 oere ôf genietsje fan teater (Mijn te gekke oma en Busterbaarlik); foarlêzen, troch Arnold Dijkstra en Joke Scheffer; sjonge, dûnsje en muzyk meitsje mei Sander Metz, Hinke Strien en de Boarnster Blazers; sminken; boekemerk; nifeljen; Tomke radio; skelterrace ensfh.
Boppedat toane ferskate skoallen harren prachtich ynrjochte boekekiste. Hokker boeken ha se dêr yn útbylde en wa wint de priis foar it moaiste resultaat?
Yn it doarp is in rûte útset om by alle aktiviteiten op de ferskate lokaasjes te kommen. De tagong is fergees!
Sjoch foar mear ynformaasje op www.kinderboekendag.nl.