Dei fan de duorsumens

Midden yn de 'Kinderboekenweek', op moandei 10 oktober wurdt de Dei fan de Duorsumens organisearre, in inisjatyf fan it IVN (Instituut voor natuureducatie en duurzaamheid). Yn it hiele lân wurde skoallen belutsen by in foarlêsprojekt. Yn Fryslân sil op in soad basisskoallen foarlêzen wurde út de duorsume foarlêskrante Fryslân, in gearwurkingsprojekt fan IVN en it Jopie Huismanmuseum. Yn dy krante stiet it ferhaal In bysûndere pake /Een bijzondere opa, dat oanslút by it tema fan de Kinderboekenweek Pake en beppe; foar altyd jong. Jopie Huisman is yn dit ferhaal de pake fan in fiktyf bernsbern mei deselde namme.
Skoallen dy't meidwaan wolle kinne hielendal fergees in ferteller oanfreegje by it IVN en ek noch in unike knikkertegel fertsjinje dy't duorsum makke is fan Frysk ôffal. Stjoer foar freed 23 septimber in mailtsje nei Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. . Sy soarget foar in ferteller en set de skoalle op 'e list foar in tegel.

Oer it ferhaal
De jonge Joop yn it ferhaal is ék in samler, lykas syn pake, mei in soad fantasij!
It oarspronklike ferhaal fan Berber van der Geest is bewurke troch Janneke de Boer en yllustrearre troch Vera Damhuis en hat as tema: guod sûnder wearde opnij fan wearde meitsje. En dat koe Jopie Huisman as gjin oar.
Sjoch foar mear ynformaasje op www.jopiehuismanmuseum.nl by edukaasje.