De Grutte Freonlike Reus

De Grote Vriendelijke Reus, fan Roald Dahl ferskynt yn it Frysk. It boek is firtuoas oerset troch Martsje de Jong en Hilda Groenesteyn hat de prachtige kleureyllustraasjes makke.
Op sneontemiddei 17 septimber fan 15.30-17.30 oere is de presintaasje fan it nijste boek fan Utjouwerij Regaad yn MFC De Wjukken te Mantgum: De GFR.

De Grutte Freonlike Reus is – dat wit fansels eltsenien – dejinge dy’t bern harren dreamen jout. Dêrom sil de presintaasje yn it ramt fan dreamen én fan bern stean. Dat wurdt wat bysûnders, want bern kinne, mei harren âlden en pakes en beppes, op dreamejacht! Hoe’t dat sit?… Kom op sneon 17 septimber mar gewoan nei Mantgum en sjoch it sels!