Swalk yn Gytsjerk

Swalk is útein set op it Boekefeest. Dat wie op 9 septimber yn Tresoar te Ljouwert. Yke Reeder presintearre op dat feest har Aksjeboek foar bern Wapper, in printeboek foar bern oant 4 jier. It boek is yn de Fryske Berneboeketiid oant 30 septimber ta te keap foar mar € 4,95.
Letter kostet it € 12,50. Yke hat it ferhaal oer it fûgeltsje Wapper dat fleanen leare moat, betocht en tekene.
No giet Swalk de provinsje yn en op fjouwer plakken wurkje berneboekeskriuwers mei.
Op sneintemiddei 11 septimber struts Swalk del mei in program yn de bibleteek fan Gytsjerk. Yke Reeder en Joke Scheffer wiene dêr ek.

Yn in fraachpetear mei Jan Tiede Bouma fertelde earst Yke, oer har nije boek. Boppedat krige it publyk bylden te sjen hoe’t Yke har yllustraasjes makket.
Skelte wol in skelter, it debút fan Joke Scheffer, wie de tûzenste útjefte fan de Afûk. Meikoarten ferskynt it ek yn it Nederlânsk, fertelde Joke oan Jan Tiede Bouma. Op skoalle fertelt Joke it ferhaal oan har beukers mei help fan oankrûpers en in fertelkastke. Skelte is yn it ferhaal in lytse ûndogenske foks dy’t it leafst alle dagen op syn skelter omrydt mar tinkt er wol om de auto fan buorman of de blommen fan buorfrou?
It wie in gesellige en ôfwikseljende middei yn Gytsjerk mei petearen, gedichten, bylden en muzyk.
De presintaasje wie yn hannen fan Jan Tiede Bouma en Wybo Smids, de bylden wiene fan Wybo Smids en de ynspirearjende muzyk fan Wiebe Kaspers, Daan Slagter en Florian den Hollander.