Wenje yn in skilderij/Wonen in een schilderij

Foar it earst yn de skiednis hat it Frysk Museum in berneboek útbrocht.
Op tongersdeitemoarn 1 septimber is yn Dronryp Wenje yn in skilderij/Wonen in een schilderij presintearre oer it wurk fan Lourens Alma Tadema, ien fan de wichtichste Fryske skilders. It Frysk Museum yn Ljouwert hat berneboekeskriuwster Lida Dykstra ree fûn om de wrâld fan de keunst tagonklik te meitsjen foar bern. Fan 1 oktober ôf begjint in grutte tentoanstelling oer Alma Tadema yn it Frysk Museum. Lida Dykstra hat besocht om Lourens Alma Tadema tichterby te bringen foar de jeugd. Troch de eagen fan Laurence, de âldste dochter fan Alma-Tadema, komme jonge lêzers yn ’e kunde mei de ferneamde skilder. Se ûnderfine hoe ’t it is om yn sa’n kreative húshâlding grut te wurden, meitsje de eksploazje fan it hûs fan de Tadema’s mei en dwale om yn it atelier. Op dy wize komme de skilderijen ta libben. Ek it plakboek fan Laurence is ûnderdiel fan it boek, mei plaatsjes, reproduksjes fan it wurk fan har heit, sketskes en foto’s.
It boek is geskikt foar bern fan 8 jier ôf. It is yn it Frysk en yn it Nederlânsk útjûn troch Wijdemeer, Ljouwert.
De earste eksimplaren fan de útjefte waarden útdield oan learlingen fan de Sint-Radbodusskoalle yn Dronryp, om’t Alma Tadema dêr sa’n twahûndert jier lyn berne is. 

Tentoanstelling
De tentoanstelling yn it Frysk museum, Alma-Tadema, klassieke verleiding is te sjen fan 1 oktober 2016 ôf oant en mei 7 febrewaris 2017. De boeken binne dan ek te keap foar € 15,95 yn de museumwinkel.

Underwiis
It boek spilet in wichtige rol yn it ûnderwiisprogram by de tentoanstelling: alle groepen 5 en 6 dy’t dielnimme oan it keunstmenu fan de gemeente Ljouwert krije in boek yn de klasse. Sa’n 2500 learlingen komme sa op skoalle yn ’e kunde mei de dochters fan Alma-Tadema en syn wurk.

It berneboek is mei mooglik makke troch bydragen fan: Provinsje Fryslân, Gifted Art en Stichting Fonds voor de Geld- en Effectenhandel.