Berneboeketiid 2016

Fan 9 oant 30 septimber is de Fryske Berneboeketiid.
Spesjaal foar de Berneboeketiid hat Yke Reeder it Aksjeboek foar bern, Wapper, betocht en yllustrearre. Yn dy perioade is it boek te keap foar mar € 4,95. Dêrnei is de priis € 12,50.
Wapper wurdt op it Boekefeest op 9 septimber yn Tresoar te Ljouwert, presintearre.
Yn de Berneboeketiid kinne skoallen en bibleteken in program oanfreegje foar op skoalle en yn de bibleteek. Sjoch foar mear ynformaasje by it menu Berneboeketiid.

Oer Wapper
Wapper is in fûgel dy’t fleanen leare sil. It giet machtich moai, mar al in bytsje oars as oars. Dat hindert neat, want ‘wapperjen is syn talint!

Wapper is in poëtysk printeboek, dat geskikt is foar bern oant en mei groep 4. Wolle jim mear witte oer it ferhaal? Klik dan hjir en Yke lêst jim sels foar.
Sjoch foar mear ynformaasje oer Yke Reeder op har website www.ieks.nl.