Rôversguod

Yn har debút Rôversguod nimt Janneke de Boer dy mei op reis by fertriet en ûnferwachte freonskip lâns. De fassinearjende yllu-kollaazjes fan Vera Damhuis meitsje Rôversguod op wûnderlike wize kompleet.
Foarmjouwing: Sanne Hiddema

Rôversguod is in boek foar bern fan de middenbou fan de basisskoallen (7 - 10 jier).
Om sels te lêzen en om foar te lêzen. De Fryske taal wurdt op in ienfâldige en oantreklike wize oanbean oan bern en harren âlden. It boek is rynsk yllustrearre mei prachtige en nijsgjirrige tekeningen.

Oer it boek
Kakarafrrr, Kakarafrrr...
Mei it swit op ‘e holle sjit ik oerein. Wêr bin ik? Wat is it tsjuster. Myn hannen sykje yn ‘e djipswarte leechte om in werkenningspunt.

Fekke wit net wat er meimakket as er op Fjildster Utbuorren ûntdekt dat ien fan de swarte roeken op ‘t hiem prate kin. De stammerjende (in ferfelend kwaaltsje wêr’t er al sûnt it ferstjerren fan mem lêst fan hat) jonge wegeret de fûgel op syn wurd te leauwen en set it bist stikem efternei de bosk yn.

Rôversguod ’is in bysûndere Frysktalige novelle. It boek is basearre op in wier bard ferhaal fan in famke út Rome, dat alle dagen de ravens yn har tún fiert. De fûgels bringe har allerhande lytse presintjes, lykas knopen, peperklips ensfh. Hjir omhinne is in ferhaal oer ferlies en rou weefd, op in boartlike wize dy't de lêzer rekket. Fekke, de haadpersoan, hat jong syn mem ferlern. Troch it kontakt (en de petearen) mei de ravens wit hy syn ferlies in plak te jaan.

Jakobus Smink seit oer it manuskript:
Yn har debút Rôversguod nimt Janneke de Boer de lêzer mei op reis lâns fertriet en ûnferwachte freonskip yn in riedseleftige fûgelwrâld en lit him oan de ein yn blide ferwûndering efter.’

Oer Janneke de Boer
Janneke wie yn 2015 winner fan de Skriuwerspriis, utskreaun troch: Omrop Fryslan, It Skriuwersbun en Friesch Dagblad. Dat hat har ynspireare ta it skriuwen fan har earste boek!

It boek is te keap  yn de boekhannel en online – www.uitgeverijlouise.nl.
Priis: € 12,50
Utjûn troch Utjouwerij Louise te Grou. ISBN: 9-789491-536373.