Swalk

ek mei programs oer berneliteratuer

Hâlde jo fan in gesellige Frysk kulturele middei mei muzyk (fan de band Wiebe) en hat benammen berneliteratuer jo ynteresse? Dan hat Swalk yn septimber in tal moaie ôfwikseljende programs foar jo yn petto.
Swalk is in projekt fan Tresoar yn Ljouwert. Swalk bringt de Fryske (berne)literatuer en kultuer by de minsken yn Fryslân. Mei in rige optredens troch Fryslân, presintearre troch Wybo Smids, mar ek op Twitter, Facebook en in webside (swalk.nl) wol Swalk de leafhawwers fan de Fryske taal en kultuer graach berikke.

Programs mei de berneboekeskriuwers Yke Reeder, Joke Scheffer, Ate Grijpstra en Janneke de Boer binne yn Gytsjerk, Dokkum, Mantgum en Feanwâlden.
Foar programynformaasje, sjoch hjirûnder by 'Lees meer'. Foar de oare programs, sjoch op swalk.nl.

Tema
Swalk is in Frysk multymedia spektakel mei byld, lûd, muzyk en ferhalen. Dit jier is it tema fan Swalk Brieven omdat it Kadoboek, Neiskrift, in brieveboek is. Marga Claus en Aggie van der Meer ha inoar brieven skreaun en dy binne opnommen yn dat boek.
De namme ‘Kadoboek’seit it al: dat krije jo kado by oankeap fan in Frysk boek.
In spesjale oanbieding is it Aksjeboek foar bern, Wapper, oer in bysûnder fûgeltsje, skreaun en yllustrearre troch Yke Reeder. It is te keap foar mar € 4,95 (nei ein septimber € 12,50).

Muzyk en presintaasje
De muzyk by Swalk wurdt fersoarge troch de band Wiebe, dy't bestiet út Wiebe Kaspers, Florian den Hollander en Daan Slagter. Bekend fan ûnder oaren Omrop Fryslân mei de hit: Der rydt in boer nei Aldegea…. Wybo Smids, ûnder oaren bekend fan it Iepenloftspul yn Jorwert, hat de lieding fan de Swalkoptredens.
By alle optredens is der plak ynrûme foar in live optreden fan in Fryske skriuwer of keunstner.

Reizgje
By alle programs is der boekferkeap fan Boeken fan Fryslân en fansels binne de boeken fan de skriuwers dy’t optrede ek te keap. Op snein 18 septimber jilde it Kado- en Aksjeboek foar bern as ferfierbewiis by de Reisaksje. Jo hoege dy deis yn Fryslân yn bus of trein net yn te tsjekken, mar kinne ien fan beide boeken sjen litte. Yn Grinslân jilde beide boeken yn de Arriva trein ek as ferfierbewiis.

Sjoch foar mear ynformaasje op
www.swalk.nl
https://www.facebook.com/fryskoptoernee/
Twitter: @fryskoptoernee

Swalk komt mei programs oer berneliteratuer

Yn Gytsjerk mei twa berneboekeskriuwsters.
Yke Reeder, fan it Aksjeboek foar bern Wapper en Joke Scheffer fan Skelte wol in skelter.
Op snein 11 septimber 2016
Yn de biblioteek fan Gytsjerk, Simke Kloostermanstrjitte 6.
Om 15.00 oere. De middei is ek geskikt om mei de (berns-)bern hinne te gean.
Yntree: € 7,50, leden: € 5,00.

Yn Dokkum mei de jongereinboekeskriuwer Ate Grijpstra. Syn lêste boek Femke faalt wie nominearre foar de Simke Kloostermanpriis.
Op tongersdei 15 septimber 2016
Yn de biblioteek fan Dokkum, Brokmui 62
Om 20.00 oere, yntree: leden € 5,00; net-leden € 7,50

Yn Mantgum mei de berneboekeskriuwster Janneke de Boer (ek bekend as sjoernaliste foar Op ‘e Skille) en keunstneresse Tsjimk Scarse (berne yn Mantgum). Sy sil in kolleksje fan har tekenwurk meinimme en dêr wat oer fertelle en ûnder de foarstelling in tekening fan de jûn meitsje.
Op sneon 17 septimber 2016
Yn mfc Wjukken, Om ’e Terp 21, Mantgum
Om 20.30 oere, yntree: € 5,00

Yn Feanwâlden. De beide skriuwsters fan it Kadoboek Neiskrift: Marga Claus en Aggie van der Meer, trede op mei Yke Reeder. Yke skreau en yllustrearre it Aksjeboek foar bern Wapper, oer in bysûnder fûgeltsje.
Op snein 18 septimber 2016
Yn De Schierstins, Haadstrjitte 1, Feanwâlden
Om 15.00 oere. De middei is ek geskikt om mei de (berns-)bern hinne te gean.
Tagong fergees op fertoan fan Kadoboek of Aksjeboek foar Bern