Yn de fakânsjekoffer

It is hast wer simmerfakânsje. Koffers pakke en op reis. Wat is it dan fijn om ûnderweis yn auto, trein, bus of fleanmasine nei in ferhaal te harkjen of sels in boek te lêzen.
Mar net allinne ûnderweis. Ek yn it húske, de caravan of de tinte is in boek ûnmisber.
Bliuwe jim thús? Yn 'e hûs of yn it tún is it ek hearlik om te lêzen.
Wat nimme jim mei yn de fakânsjekoffer?
Hjirûnder in pear tips foar jonge en âldere bern en jeugd.
Wolst noch mear tips? Sjoch dan by it menu Fryske berneboeken. Foar harkboeken, sjoch www.audiofrysk.nl.

 0-4 jier
Skelte wol in skelter
Skelte ferfeelt him. Mar op in dei betinkt er wat: hy wol graach in skelter ha. Dat liket him it moaiste dat der is. Hy wol it leafst de hiele dei op syn skelter omride. Allinne syn âlders fine it net sa’n goed idee. Want stel je foar dat er samar tsjin de auto fan buorman Bouke oanrydt of troch de blommen fan buorfrou Romkje hinne jaget. Kriget Skelte it foarelkoar? Gelokkich is pake der altyd noch! 
In printeboek fan Joke Scheffer en Anna Sikkes
Utjouwer Afûk, Ljouwert

Lytse Protter
In printeboekje mei sechtjin prachtige, leave bernegedichtsjes, de helte yn it Frysk en de oare helte yn it Nederlânsk.
Tekst Baukje Wytsma, yllustraasjes Yke Reeder
Utjouwer Afûk, Ljouwert

Tûzen wurden
Dit fleurige printsjewurdboek jout bern fan ferskillende leeftiden, mar ek folwoeksenen de mooglikheid om op boartlike wize in basiswurdskat fan it Frysk op te bouwen. Ien grutte detaillearre tekening, ferdield oer twa siden, byldet hieltyd in beskaat tema út.
In boek fan H. Amery
Utjouwer Afûk, Ljouwert

4 - 8 jier
Fronika de flie
In lês- en teken-mar-mei-boek oer Fronika de flie
Fronika hipt by allegearre bisten en plakken del en wol oeral in tekening fan meitsje.
Sjoch wêr't Fronika oeral telâne komt en tekenje mei har mei.
Tekst en yllustraasjes: Vera Damhuis
Utjouwer Vera Damhuis Kunst en Educatie

Speurnoazen yn park Fiversburch
Watfoar frjemd lûd is dat? Kick en Saar skrikke der nachts wekker fan. Saar tinkt dat it lûd út it âlde park fan Filla Fiversburch komt ...
As echte speurnoazen geane se op ûndersyk út.
Wat bart der nachts allegear yn it park?
Tekst Astrid Kuiper, yllustraasjes Monique Beijer
Utjouwer Bornmeer, De Gordyk

It grutte foarlêsboek
De moaiste ferhalen oer fan alles en noch wat: in knyn dy't de hik hat, wetterpokken, Tomke en noch folle mear. Foar âlders dy't graach foarlêze, mar ek foar pakes en beppes, juffen en masters, mar foaral foar de bern sels!
Mar leafst 23 skriuwers en 22 yllustratoaren ha oan dit prachtige boek meiwurke.
Utjouwer Afûk, Ljouwert

8 - 12 jier
Het meisje met de rode paraplu
Verhalen bij kunst in Leeuwarden. Een boek met verhalen voor kinderen van ongeveer acht tot twaalf jaar. Vijf verschillende kinderboekenschrijvers (Edward van de Vendel, Harm de Jonge, Marian De Smet, Mindert Wijnstra en Lida Dijkstra) hebben ieder vier verhalen geschreven die geïnspireerd zijn op een kunstwerk in Leeuwarden.
Utjouwer, Aed Levwert y.g.m. Wijdemeer, Ljouwert

In nije heit
Ik bin gek op auto’s. Op gewoane auto’s, mar foaral op sportauto’s. Op de Porsche 911 Targa 4S bygelyks. Of op de Maserati Quattroporte. Ik sammelje ek foto’s fan auto’s. Ik knip se út boekjes en dan plak ik se yn myn selsmakke autoplakboek. Ik skriuw der dan ek fan alles by. Technyske saken, lykas hoefolle pk dy auto hat. Of hoe hurd er kin. Dan kin ik it allegear goed ûnthâlde. Fuotbal fyn ik ek moai.
In boek fan Thys Wadman
Utjouwer Afûk, Ljouwert

Lytse Daan de wrâldkampioen
Dit ferhaal giet oer in heit en syn soan, hoe goed se it mei-inoar hawwe en oer it geweldige plan dat se betinke om de gemiene, glûperige, grutsprakerige menear Victor Hazze flink geweken te nimmen.
In boek fan Roald Dahl. Oersetter Jan Schotanus
Utjouwer Wijdemeer, Ljouwert

 
12 jier en âlder

Erik of it lyts ynsekteboek
Op in wûndere nacht bedarret Erik samar yn de wrâld fan it lytse wrimelt, in mienskip fan moarddiedige spinnen, eptige wespen, fereale flinters en oarlochssuchtige eamels…
It bekendste boek fan Godfried Bomans, yn it Frysk oerset troch Geart Tigchelaar
Utjouwer Regaad, Grins

In wrâldreis yn 80 dagen
Jawis’, moat Phileas Fogg sein ha, ‘men kin hjoed-de-dei al yn tachtich dagen om de wrâld reizgje’.
Huh? sille jim tinke. Dat kin dochs wol yn tachtich óeren?! Ja, no wol, mei fleantugen en sa. Mar anno 1872 wie dat wol oars! Muiterij, stoarm, brânsteapels, ynstoartende brêgen, in jonkfrou yn need, drank&drugs… Alle tûkelteammen dy’t in hastige reizger treffe kinne, oerkomme de gentleman Fogg en syn reisgenoaten. Reizgje yn dit spannende stripboek mei op treinen, stoomskippen, sliden en oaljefanten! En fyn, tagelyk mei de 21e-iuwske John en Julia, út oft dizze bekende wrâldreis no fiksje is, of dochs…
It ferhaal fan Jules Verne is bewurke troch Bert René Luimstra, Roelof Wijtsma tekene de strip
Utjouwer Regaad, Grins

Firalen
In boek foar jong folwoeksenen
De fjirtjinjierrige Tory Brennan wennet sûnt it ûngelok fan har mem op Morris Island, by har heit Christopher ‘Kit’ Howard. Har heit is seebiolooch en wittenskiplik ûndersiker by it ynstitút op Loggerhead Island. Hy is in workaholic, dy’t gjin ferstân fan it heit-wêzen hat. En Tory sels is in nerd, dy’t neat leaver docht as dingen út te fûgeljen en antwurden op lestige fragen te finen. Op in speurtocht mei in groepke freonen fynt se in identiteitsplaatsje mei de namme ‘F. Heaton’ derop en dêr begjint it mei. Letter stuitsje se net allinne op in grêf, mar ek op in ferburgen laboratoarium, dêr’t se in wolfshûn befrije. It bist is ynfektearre mei in firus, en dat hat in wol hiel bysûnder effekt op de sintugen fan de freonegroep. It makket harren ûnferslaanber en de folwoeksenen hawwe der de hannen fol oan.
Utjouwer Elikser, Ljouwert